Kollum: "Daft Punk"

25 feb 2021 - 08:15

"Yn myn skoalkarriêre sit in breuk, en yn dy breuk ha ik in healjier lang wurke yn it distribúsjesintrum fan in supermerkketen út Snits. Ik wurd dêr ien kear yn de safolle tiid oan herinnere as ik muzyk út dat healjier hear, want 3FM stie dêr de hiele dei oan. Ik ha noch nea yn myn libben safolle nei popradio lústere as doe. De assosjaasje komt trochdat ik der mar koarte tiid wurke ha, en dy nûmers hast nea yn oare kontekst heard ha as fan dat distribúsjesintrum.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Fan 'e wike kaam de herinnering nei boppen om't bekend waard dat Daft Punk ophâldt. En harren nûmer Da Funk, ien fan harren earsten, heart by myn soundtrack fan einleaze stellingen, rolcontainers en pallets. It Frânske duo Daft Punk is my doetiids fierder net opfallen. Ik moast neat ha fan dj-eftige producers dy't harrensels muzikant neame. Dêr bin ik yntusken flink op weromkommen, net allinnich omdat Daft Punk in tal nûmers makke hat dy't gewoan tige goed binne, en ek hits wurden binne. Mar ek omdat bliken die dat se echt wol wat yn harren mars hawwe.

Ast net oertsjûge bist fan de elektroanyske muzyk fan harren hits as One More Time, Around the World en Harder, Better, Faster, Stronger, dan miskien wol troch harren gigantyske pophit mei Pharrell Williams, Get Lucky. Dat lêste nûmer komt fan harren plaat Random Access Memory en dat is in ikoan út de popmuzyk. It is in gearwurking mei ûnder oare Nile Rodgers, de gitarist fan Chic. It is in izersterk album, dat trije Grammy's wûn. Boppedat is it sa goed produsearre dat it foar audiofilen in referinsje-album is. En in nûmer as Lose Yourself to Dance is in útdaging foar elke koptelefoan en lûdsprekker, sûnder earne echt min op te klinken. Dat is in audiotechnyske prestaasje fan formaat.

Yn de tiid fan it Snitser distribúsjesintrum moast ik neat ha fan elektroanyske muzyk. Ik spylje gitaar en as der gjin gitaar yn sit, dan hoech ik it net. Ein ferhaal. Ja, nee, neat ein ferhaal, want sa wurket it net. Mar dêr kaam ik letter pas achter. Gelokkich ha myn earen wol altyd iepenstien.

Dêr rin ik wer, mei in matrixprintsje op kettingpapier mei de oarders út Haulerwyk, De Jouwer, De Lemmer en it eksoatyske Norg. Twa rolcontainers op in elektrysk karke dat efter my oan hobbelet. Potsjes jam, potsjes nútsjesmoar, grouwe doazen mei chips en dy ferrekte swiere kratten mei frisdrank. De man dy't de frachtauto's lade en altyd mear haast hie as goed foar syn hert west ha moat, de man dêr't ik in gemien grapke tsjin makke oer syn nije auto en dy't my oanfleach, gelokkich tsjinhâlden troch syn kollega's, en de man dy't sei dat er it leed fan 'e wrâld wat te folle op him nommen hie; ik wist allegearre net wat it betsjutte en koe der ek net mei omgean. Ik hie noch nea gearwurke mei minsken bûten de boerefamylje dêr't ik út kom. Ik moat in rare snuter foar harren west ha, dêr yn dy tsjustere doaze op it yndustryterrein Houkesleat.

It meast ûnbegryplike, efterôf, is dat ik dêr kenlik myn bêst dien ha. Of it dêrtroch kaam of trochdat ik mei al myn oeren op in trekker thús wol wat ynsjoch hie yn hoe't je in karke bestjoere, wit ik net, mar de lêste moannen setten se my op it ynladen fan frachtauto's. Dan krigest in karke dêr'tst ek op stean koest. It wie hektysker en je krigen dêr ek minder mei fan de radio. Ik wit noch dat ik op in sekere dei wer yndield wie as oardersamler, wat earne in stap tebek wie, mar dat ik wol geniete fan de rêst en it lûd fan popradio, fan Daft Punk.

Ien ding wist ik dêrnei wis: ik wol studearje. Om't ik net de rest fan myn libben yn in swarte doaze ferbliuwe woe. Fia mbo en hbo gie ik dêrnei sels nei de universiteit. En by al dy fazen yn dat libben wie Daft Punk. Ik hie gjin inkeld album fan se. Mar ik assosjearje myn stúdzjeferiening, op alle moandeitejûns gearkommend yn De Negende Cirkel yn de Poelestraat, mei Discovery, it album dêr't One More Time op stiet. Daft Punk makke in soundtrack by myn jongfolwoeksen libben, en alle foarfallen fan betsjutting ha in klank meikrigen. En it moaiste is hast noch dat ik dêr sels neat oan dien ha, it barde gewoan. Grutte tank oan de helden fan Daft Punk!"

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)