Plysjeman Oeble Bouma nimt nei 45 jier ôfskied: "It wurdt in dei fan weemoed"

25 feb 2021 - 07:33

It is de lêste offisjele wurkdei fan plysjeman Oeble Bouma fan Wurdum, miskien wol de ferneamste plysjeman fan Fryslân op it stuit. Nei 45 tsjinstjierren giet er mei pensjoen. Echt wurke wurdt der tongersdei net mear. "Juster ha ik noch op it wurk west. In pear dingen ôfhannele, myn kompjûter leech makke. Hjoed lit ik my ferrasse."

Oeble Bouma - Foto: Omrop Fryslân

Plysje Oeble Bouma oer syn ôfskied, de feroarings en Twitter

"It wurdt in dei fan weemoed", ferwachtet Bouma. "Ik ha it altyd mei in protte nocht dien. Je litte no in protte freonen, bekenden en aardige minsken achter."

Bouma waard benammen ferneamd fanwege syn twitterjen. Geregeld skreau er op it sosjale medium wat de plysje dy dei dien hie. "De plysje stiet derfoar dat we iepen en transparant binne", seit er dêroer. "Mar ús organisaasje is hiel grut wurden. De ôfdieling foarljochting en kommunikaasje kin net alles byhâlde foar de noardlike trije provinsjes."

Ik ha wolris it idee dat minsken tinke: de plysje skriuwt wat bonnen en stiet sa no en dan by in oanriding. Mar der gebeurt sa folle mear.

Oeble Bouma

Dus dêrom fertelt Bouma sels wat er meimakket. "Ik ha wolris it idee dat minsken tinke: de plysje skriuwt wat bonnen en stiet sa no en dan by in oanriding. Mar der gebeurt sa folle mear. Ik sjoch kollega's prachtige dingen dwaan sa no en dan. Dus ik meitsje in gearfetting: wat meitsje je no yn sa'n tsjinst mei? De plysje hat altyd te krijen mei dingen dy't net goed geane, dat is no ienkear ús wurk. Dêr moatte je net depressyf fan wurde, want dat soenen je wol tinke kinne, mar we besykje goede dingen te dwaan. Ik bin der grutsk op dat myn kollega's dat ek altyd hiel soarchfâldich dogge."

En as der ris wat net goed giet, fynt Bouma it belangryk om dat dochs te fertellen. "Dêr moatte je foar út komme. Dat moatte je ek sizze, want net alles kin goed gean. Mar ik sjoch in protte dingen dat de kollega's ek mear dogge as je miskien hoege te dwaan. Dat fyn ik altyd prachtich."

Protte feroarings

Bouma hat twa tredde fan syn libben by de plysje sitten. En der is hiel wat feroare yn dy tiid. "Ik bin oait begûn yn Mantgum, mei in blau buske fan de Ryksplysje. En ik einigje yn in Mercedes. Dat is allegear net mear te ferlykjen." Dat Bouma by de plysje gong, wie net altyd it plan. "Ik hie de mavo ôfmakke en ik gong nei de havo, mar dat hold net oer. Dêr waard ik ôfset. Doe ha ik noch even yn it sikehûs yn Drachten wurke. Mar ik seach in fakatuere fan de plysje yn de NCRV-gids, dat like my wol wat. Troch de keuring kaam en ta myn fernuvering koe ik my melde op de splinternije opliedingsskoalle yn Harns."

Net allinnich it wurk is feroare, datselde jildt foar de omgong mei de plysje. "Minsken binne mondiger wurden. Se jouwe har miening ek. Dat is net slim, dêr moatte je mei omgean kinne."

Kuierje en ôfkicke

En no? Fan Bouma is bekend dat er graach kuieret. "Der sil in protte rûn wurde, ja. Mar ik doch earst even neat. Dat moat wol wenne, ik moat even ôfkicke."

(Advertinsje)
(Advertinsje)