Teäterselskip Illustere Figuren besteget foarstelling Outsourcing út

25 feb 2021 - 06:20

It teäterselskip Illustere Figuren spilet freedtejûn in part fan de foarstelling Outsourcing online foar in selekt groepke minsken. Se hawwe in outsourcebedriuw yn Yndia frege om it stik foar harren te skriuwen as soarte fan sosjaal ûndersyk nei it útbesteegjen.

Illustere Figuren

It teäterselskip hat it Yndiaaske bedriuw frege om in skript te meitsjen dat oer de minsken fan Illustere Figuren sels giet. En der is frege om in dekôrûntwerp dat útbestege wurdt oan in Nederlânske bouwer.

"Alle personages hebben onze namen", seit Zen Roorda fan it selskip. "In de afgelopen anderhalve week hebben we gezocht naar wat onze inbreng nog is bij zo'n voorstelling. Toen kwamen we uit op onze persoonlijke reflectie, dus het feit dat we dat aan het spelen zijn. En kunnen we dat dan ook nog uit besteden."

Dat is útbestege troch opdrachten te jaan oan twa Nederlânske makkers en in Pakistaanske en Kanadeeske makker. Dêr binne fjouwer sênes út fuortkommen. Dêryn reflektearje se persoanlik oer it feit dat se 'outsourced' oftewol útbestege wurde.

Illustere Figuren oefenje foar de foarstelling Outsourcing - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Illustere Figuren is ien fan de nije selskippen dy't provinsjale subsydzje krije en ta de saneamde kulturele basisynfrastruktuer hearre. Se hawwe ûnder oare in oefenromte hierd oan de Cornelis Trooststrjitte yn Ljouwert om dêr jierliks in foarstelling meitsje te kinnen.

"We ha der in plan omhinne mei Illustere Aanhang, dy't we oan ús keppelje", fertelt spiler en pr-man Raymond Muller. "Dat binne net reguliere teätergongers. Dêr wolle we ús gedachten oan spegelje. It is tagelyk publyksbining en ferdjipping foar ússels en fan dat wat we meitsje."

Feedback

De feedback fan dizze groep wurdt brûkt om de foarstelling 'Outsourcing' fierder te ûntwikkeljen. It is de bedoeling dat it stik yn novimber yn premjêre giet. Illustere Figuren belibbet in soad wille oan it spyljen en produsearjen dêrfan.

"Het is heerlijk", fynt Roorda. "Ik fiets met zoveel genot hier 's ochtends heen. Dat ik denk: dat ik hier mag zijn, op de vloer. Dus ik ben er heel blij mee dat we dit doen. Het geeft me heel veel energie. Dat zou ik niet willen uitbesteden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)