Omwenners hoopfol oer oanpassings oan oerlêst jaande radarpost Wier

24 feb 2021 - 22:16

Omwenners binne hoopfol dat der lang om let wat dien wurdt oan de oerlêst jaande radarpost fan Definsje yn Wier. De ynstallaasje, dy't it loftrom yn de gaten hâlde moat, stiet sûnt in pear wiken stil nei klachten fan omwenners oer ûnder oare lûdsoerlêst. Definsje is woansdei úteinset mei tests by de nije radarpost, om te sjen hoe't dy wurkje kin sûnder oerlêst te jaan.

Foto: Sijbe Knol

Woansdeimiddei hat der in petear west tusken omwenners, Definsje en fabrikant Thales. Ek wethâlder Boukje Tol fan de gemeente Waadhoeke wie dêrby oanwêzich.

"Dêr ha we echt wat oan hân. We sieten wol te wachtsjen op dit petear, want we hiene de wrâld oan fragen", fertelt Hans Blanksma fan Wier. "Definsje en Thales wiene sels ek wol skrokken fan it lûd. Mei dit petear binne we wol by elkoar kaam. We wolle mei elkoar op syk nei in oplossing."

Ynwenner oerwaget ferhûzing

Dochs bliuwe ek de soargen. Gerda Algra, dy't út namme fan de omwenners by it petear siet, fertelt: "We witte dat in man út it doarp echt al stappen makket om te ferhûzjen. Dat is wol it lêste dat we wolle, want we wenje hjir hiel moai. Dit hiene je ek net ferwachte mei in nije radar."

Blanksma follet oan: "Ik wenje hjir no hast 25 jier. Wat soe it moai wêze as ik hjir dea gean mei. Mar net foartidich en absolút net mei hiel soad frustraasje en ergernis. Mar dêr gean we net fan út, want dy petearen binne hartstikke goed."

Tests

Op it stuit stiet de radar stil. Definsje sil no in moanne lang tests útfiere oan de radarpost, om te sjen oft de problemen ferholpen wurde kinne. Dat dogge se yn 'e mande mei fabrikant Thales.

Der binne net allinnich problemen mei it lûd, mar ek de strieling soarget foar problemen mei bygelyks wifi en oare technyske apparatuer. Minsken wurde dêrom frege om yn de kommende testperioade oan definsje witte te litten oft se dêr wol of net lêst fan ha.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma seach by de radarpost yn Wier

(Advertinsje)
(Advertinsje)