Follybalsters VC Snits bliuwe op koers foar play-offs

De follyfalfroulju fan VC Snits hawwe woansdeitejûn hiele goede saken dien yn de race nei in plakje yn play-offs. Snits wûn de thúswedstriid fan VCN út Capelle mei 3-0. De setstannen wiene 25-21, 25-17 en 25-16.
Trainer Jeffrey Scharbaai
Troch dizze oerwinning komt Snits op it tredde plak yn de kompetysje. De earste fjouwer pleatse har foar de play-offs. Kommende sneon is de beslissende wedstriid, dan spylje de froulju fan Snits wer thús tsjin it talintteam Papendal. Witte de Snitsers ek dy wedstriid te winnen, dan binne se wis fan in plak yn de play-offs.
Trainer Jeffrey Scharbaai is tefreden oer de wedstriid. "Bij een wedstrijd als deze ziet alles er florissant uit. We hebben weer een stap gemaakt vandaag. Het is zaak dat we het zaterdag zo weten te houden." Oer it nivo woansdeitejûn is hy ek bot te sprekken. "Ik vond het een mooi niveau om te zien. Het was verdedigend én aanvallend goed."
Nienke Tromp is wiis mei de goede servedruk
"Het zag er heel goed uit", sjocht spylster Nienke Tromp tefreden werom. "Het was een belangrijk potje. We hebben er nu twee gewonnen, dus nog één te gaan."
De wedstriid moast in bytsje op gong komme. "Qua punten wel inderdaad, maar iedereen was scherp en gedreven. Iedereen ging vol in de aanval. Dus dat ging wel goed!", fertelt Tromp. "Je ziet dat wanneer wij goede surfdruk hebben het voor hen heel lastig wordt. Dat zag je in de derde set ook wel."
© Omrop Fryslân, Arjen Visser

Earedifyzje Follybal froulju

Stân DUELS PUNTEN
1. Apollo 8 7 19
2. Sliedrecht 7 18
3. VC Snits 7 13
4. Eurosped 7 12
5. Zwolle 7 12
6. Talentteam 7 8
7. VCN 7 8
8. FAST 7 4
9. Set Up '65 8 2