Fuotbalsters Oranje ferslaan sterk Dútslân: 2-1

De Nederlânske fuotbalsters, mei Friezinne Sherida Spitse yn de basis, hawwe Dútslân yn in freonskiplik duel ferslein. De nûmer fjouwer fan de wrâld wûn mei 2-1 fan de nûmer twa fan de wrâld. It is de earste oerwinning fan Nederlân op Dútslân sûnt 2000.
© OrangePictures
Jackie Groenen sette Nederlân nei in kertier spyljen op 1-0. Foar Dútslân makke Laura Freigang flak foar it skoft de lykmakker. Nei in oere spyljen sette Daniëlle van de Donk de 2-1 op it skoareboerd. Sherida Spitse spile de hiele wedstriid, Sisca Folkertsma siet 90 minuten op de bank.
De wedstriid tsjin Dútslân wie de twadde dy't de ploech fan bûnscoach Sarina Wiegman spile as tarissing op de Olympyske Spelen takom simmer yn Tokio. De fuotbalsters wûnen foarige wike yn Brussel rom fan België mei 6-1. Troch de winst op Dútslân wûn Nederlân it trijelûk tusken de lannen dy't tegearre it WK fan 2027 organisearje wolle.