Wurkstraf en sel foar stellerij fan 10.000 grientekratten yn Bitgum

24 feb 2021 - 20:52

Twa manlju út Den Bosch binne troch de plysjerjochter by ferstek feroardiele ta selstraffen en wurkstraffen, foar it stellen fan 10.000 kratten fan in tomatekwekerij yn Bitgum. Dat barde yn novimber 2018.

Foto: Plysje

Op befeiligingsbylden wie te sjen dat in man of fiif, seis mei in pompkar en in heftruck de kratsjes fan de tomatekwekerij yn in buske diene. Fia dit buske kaam de plysje de dieven op it spoar. Mei gps waard de auto sinjalearre by in wenweinkamp yn Dordrecht. De twa fertochten, 24 en 37 jier âld, waarden oanholden.

Adres yn navigaasje

Yn it navigaasjesysteem fan de bus wie it adres fan de kwekerij yn Bitgum ynfierd en yn de laadromte hat de plysje griene stikjes plestik fûn. Dy kamen wierskynlik fan de stellen kratten. In 26-jierige man út Dordrecht, dy't de kratsjes mei in totale wearde fan goed 38.000 euro kocht hawwe soe, moat letter terjochtstean. Syn saak waard oanholden.

De twa buskes dêr't de kratsjes mei ferfierd wiene, waarden hierd op namme fan in 23-jierrige ynwenster fan Den Bosch. De frou waard, ek by ferstek, feroardiele ta in selstraf fan trije wiken plus in moanne sel ûnder betingst.

De 27-jierrige fertochte moat seis wike sitte. Hy krige fan de rjochter nochris twa moanne ûnder betingst. De 23-jierige Bosschenaar kriget in wurkstraf fan 120 oeren en twa wike sel ûnder betingst. De man hat, yn tsjinstelling ta de oare fertochten, in relatyf koart strafblêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)