Súdwest-Fryslân rjochtet Wmo-soarch yn de gemeente oars yn

24 feb 2021 - 20:41

Súdwest-Fryslân wol de Wmo-soarch (Wet maatschappelijke ondersteuning) yn de gemeente oars organisearje. Mei yngong fan 2022 krijt elts fan de fjouwer Wmo-gebieten (Snits-Noard, Snits-Súd, Boalsert en omkriten en Bûtengebiet SWF) ien oanbieder, dy't tenei alle foarmen fan begelieding koördinearret. Dit sil ek jilde foar de húshâldlike help.

Thússoarch - Foto: Shutterstock

Yn de nije opset siket de iene oanbieder net allinnich de gearwurking mei de oare soarchoanbieders, mar ek mei maatskiplike organisaasjes en frijwilligersorganisaasjes. "Dit moet ervoor zorgen dat er vaker gebruik wordt gemaakt van activiteiten en voorzieningen die al in de buurt zijn, zoals bijvoorbeeld een wijkgebouw of dorpshuis", leit wethâlder Gea Wielinga út.

Dat moat derfoar soargje dat minsken dy't help nedich hawwe faker meidwaan kinne oan aktiviteiten yn de buert. Sa dogge se sosjale kontakten op en wurdt iensumens tsjingien. "Samenwerking tussen alle partijen in de buurt wordt veel belangrijker", seit Wielinga.

Petear

It kontrakt giet yn op 1 jannewaris 2022. Dat betsjut net dat alles dan fuort oars wurdt. Ynwenners hâlde de stipe dy't se no krije oant der in petear west hat en dúdlik is hoe't it fierder giet. "Voor deze gesprekken nemen we ruim de tijd. We gaan er van uit dat iedereen aan het eind van volgend jaar zo'n gesprek heeft gehad", seit wethâlder Mark de Man.

It ôfrûne jier spruts de gemeente oer de nije wurkwize mei de soarchoanbieders, fertsjintwurdigers fan kliïnterieden en meiwurkers fan de fjouwer gebietsteams. Ek wie der in digitale gearkomste mei frijwilligers fan de ferskate organisaasjes. Wielinga: "We merken dat er in verschillende dorpen al plannen worden gemaakt, die prachtig aansluiten bij de nieuwe opzet."

De soarchoanbieders kinne har no al ynskriuwe foar de Wmo-stipe foar 2022 yn ien of meardere gebieten.

Trefwurden: 
Súdwest-Fryslân soarch Wmo
(Advertinsje)
(Advertinsje)