Wurkstraffen easke tsjin Harnzer bruorren foar oantaasting en mishanneling

24 feb 2021 - 19:09

Twa Harnzer bruorren fan 31 en 34 jier hearden woansdei beiden in wurkstraf fan 180 oeren tsjin harren easkjen foar oantaasting (aanranding) en mishanneling. De saak spile yn 2017, mar kaam no pas foar de rjochter om't it dossier neffens de offisier fan justysje in skoft kwyt wie.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn augustus 2017 soene de bruorren op in bernefeestje in nichtsje by har boarsten pakt hawwe. Dêrnei soene se harren omke, dy't it foar syn dochter opnaam, mishannele hawwe. Doe't de man op de grûn lei, soene se him slein en skopt hawwe.

De bruorren ûntkenden. Dat harren nichtsje harren beskuldige fan oantaasting, hie neffens de bruorren te krijen mei âld sear tusken de famyljes. De advokaat pleite foar frijspraak foar de bruorren. Neffens him kaam de beskuldiging fan oantaasting 'út de loft fallen' en hie de jongste broer út selsferdigening hannele. Hy waard troch syn omke yn 'e rêch oanfallen.

De offisier fan justysje easke foar beide bruorren in wurkstraf fan 180 oeren. Neffens de offisier wiene de bruorren dúdlik de 'agressors'. Wannear't de rjochtbank útspraak docht, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)