Feriening fan ûndernimmers yn Dokkum oerlanget brânbrief oan kolleezje

24 feb 2021 - 17:46

Bedriuwen yn in soad sektoaren liede de needklok. Troch Ondernemers Vereniging Dokkum (OVD) waard út namme fan ûndernimmers út de noardlikste stêd fan Fryslân in brânbrief oerlange oan boargemaster Johannes Kramer en wethâlder Jelle Boerema. Sy namen de brânbrief yn de riedsseal fan it Dokkumer gemeentehûs yn ûntfangst.

Ondernemers Vereniging Dokkum oerlanget petysje oan boargemaster Kramer

Tiisdeitejûn waarden troch demisjonêr minister-presidint Mark Rutte wol in oantal ferrommingen yn de coronamaatregels trochfierd, mar foar in soad ûndernimmers yn de retailsektor soarget dit allinnich foar wat beheining fan skea. "Van een winstgevende situatie is ook met deze versoepelingen nog geen enkele sprake," seit vice-foarsitter Bert Reinders fan Ondernemers Vereniging Dokkum. "Volgens een onderzoek van INRETAIL gaan zeven van de tien ondernemers 'kopje onder' als deze maatregelen nog langer gaan duren."

Gjin lokaal maatwurk mooglik

Boargemaster en wethâlders sitte sels ek mei de hiele situaasje, der kin op dit stuit gjin lokaal maatwurk tapast wurde, om't de regels foar it hiele lân jilde. Wethâlder Boerema seit nochris mei klam: "Het MKB en de horeca zijn hartstikke belangrijk voor zowel de binnenstad als een dorp, zij zorgen voor de vitaliteit en leefbaarheid. Dat maakt onze regio aantrekkelijk."

De wethâlder fynt it fierder spitich dat de gemeente net yn de finansjale posysje is, om rintefrije lieningen foar ûndernimmers beskikber te stellen. "Dat geld is er simpelweg niet."

Ferslachjouwer Ben de Jager by de oerlanging fan de petysje

(Advertinsje)
(Advertinsje)