Boargemaster Van Gent fan Skiermûntseach: regels wurde lanlik fêststeld

24 feb 2021 - 17:30

Guon ûndernimmers op Skiermûntseach sizze op 16 maart út protest harren doarren te iepenjen, om't se fine dat se gjin perspektyf ha nei de lêste parsekonferinsje fan premier Rutte. Boargemaster Ineke van Gent seit de frustraasje fan de ûndernimmers op it eilân te begripen. "Ik voel hun pijn, want ze zijn al zo lang dicht." Neffens har moatte sy har lykwols, krekt as yn de rest fan it lân, gewoan oan de lanlike regels hâlde.

Ineke van Gent, boargemaster Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân

It is no ekstra pynlik dat de hoareka en winkels op it eilân ticht binne, want it eilân streamt wer fol mei toeristen. "We leven van het toerisme op Schiermonnikoog. Het is nu druk op het eiland, maar er is nog steeds geen perspectief." De gemeente kin lykwols net mear dwaan as de nijste ferrommings dy't it kabinet tiisdei oankundige. "Dat wordt landelijk bepaald en hier, net als elders in het land, nageleefd."

De Bruijne sprekt net foar eltsenien

Under oaren hoteleigener Remko de Bruijne wol op 16 maart de doarren iepenje. Neffens him komt de gemeente de ûndernimmers op it eilân hielendal net yn 'e mjitte. Van Gent hat woansdei kontakt hân mei ûndernimmers op it eilân, mar sy seit dat net eltsenien him yn it ferhaal fan De Bruijne werkent. "Zij zeggen dat hij niet namens hen spreekt. Ik ben eerder met De Bruijne in gesprek geweest en we kunnen weer in gesprek. Maar dat hij gefrustreerd is, begrijp ik heel goed."

Dat de gemeente de ûndernimmers net yn 'e mjitte kaam is, is neffens Van Gent absolút net it gefal. "Vorig jaar hebben we de terrassen en campings groter gemaakt. We keken voor winkels ook of we hen uitstel van betaling van belastingen konden geven. We kijken echt wat binnen onze mogelijkheden ligt om hen tegemoet te komen." Wat de ûndernimmers lykwols écht wolle, is wer iepen gean. "En dat kunnen wij hen niet bieden."

Yn petear

Wat der op 16 maart krekt barre sil op Skiermûntseach kin Van Gent noch net sizze. "Het lijkt mij geen goed idee om op de zaken vooruit te lopen. Laten we goed in gesprek gaan." Ek neffens har moat it regear de ûndernimmers mear perspektyf jaan. "Maar we willen ook op Schiermonnikoog het aantal besmettingen laag houden. Dat is het uitgangspunt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)