Hylpen foarsichtich posityf oer keap EuroParcs: "Nije ympuls badpaviljoen"

Ynwenners fan Hylpen binne wol te sprekken oer it oankeapjen fan Badpaviljoen Hindeloopen en Camping Schuilenburg troch EuroParcs. Al binne de Hylpers wol benijd wat de nije eigener der mei wol. Sa ek riedslid Johan Langbroek fan Hylpen: "No wurdt der yn alle gefallen in punt set efter de skiednis mei de eardere eigener. Wy moatte fansels sjen wat de nije eigener fan doel is, mar sa't it paviljoen der no by leit is in drôvich gesicht."
Badpaviljoen Hindeloopen oan de Iselmarkust yn Hylpen © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
It paviljoen wie Langbroek in stikel yn 'e foet. "It wurdt net brûkt, wylst it ien fan de moaiste plakjes hjir is oan de Iselmarkust. As Hylper en as PvdA-riedslid soe ik it just skitterjend fine as it wer brûkt wurdt."

Opnij brûke

Langbroek hat altyd tsjinstanner west fan de plannen fan de foarige eigener. "Hy hat fan alles feroare. Dat is skande, je witte dat je in monumint hawwe. Dêr moatt je je nei hâlde en drage. Ik tink dat it skeel wol in reden west hat om it te ferkeapjen. Hy hie der oare ideeën by. Op de camping woe hy bungalows brûke, dat gie ek dreech. Dus hy hat der no ôfskie fan naam."
It is lykwols ek noch net bekend wat EuroParcs dwaan wol. "Mar dy plannen komme ús wol yn 'e mjitte. Ik tink dat it posityf is, it is in prachtich moai plak. Ik wol de nije eigener lokwinskje. Ik hoopje dat sy der in goeie ynfolling oan jouwe."
PvdA-riedslid Johan Langbroek fan Hylpen
Badpaviljoen Hindeloopen oan de Iselmarkust yn Hylpen © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Op de Hylper strjitten binne de minsken bliid dat der wat skot yn 'e saak komt. "Ik tink dat it in ferriking is foar Hylpen en de hoareka, dat it wer opboud wurdt en dat der wer minsken hinne kinne," seit in frou. "Doe't ik hjir eartiids noch net wenne gie ik hjir wol nei it strân. En myn suske wurke yn it badpaviljoen, dus dan giene wy dêr wol hinne om wat te drinken. It wie gesellich en iepen. Mar nei't it ferkocht is, gie it bedelten. No is it moai nijs, ik hoopje dat it wer opbloeit."

Nije ympuls

In oare frou seit wol: "Ik fyn it moai dat der wat mei bart, want oars is it skande. Ik hoopje dat it in nije ympuls krijt en dat it gebiet der omhinne ek wer wat oantrekliker wurdt. Mar je moatte fansels wol kritysk wêze, ik hoop dat de nije eigener der soarchfâldich mei om giet. It moat yn de omjouwing passe en it moat de kultuerhistoaryske wearde eare oandwaan."
Ferslachjouwer Jeroen Boersma frege yn Hylpen hoe't minsken oer de plannen tinke
Badpaviljoen Hindeloopen hat lang ticht west © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma