Rydskoallen bliid, mar wachtlisten lang en trochstreaming is der net

24 feb 2021 - 16:56

Rydynstrukteurs yn Fryslân binne mar wat bliid dat sy nije wike wer de dyk op meie. Goed twa moannen moast de lesauto yn de garaazje stean bliuwe, mar no kinne se lang om let wer los. Der moat wol flink wat ynhelle wurde. Want der is in lange wachtlist ûntstien. "Ek yn de lockdown-perioade krigen wy nije oanfragen, mar dy sille dochs efkes wachtsje moatte," seit rydynstrukteur Jannie Elzinga fan Noardburgum.

Rydskoallen bliid, mar wachtlisten lang en trochsteaming is der net

Elzinga fynt it wol fantastysk dat it lesriden mei de ferrommingen fan it demisjonêre kabinet wer tastien is. "Wy hawwe goed twa moannen stilstien, dus it wurdt tiid dat wy wer los gean. De earste oanfragen kamen tiisdeitemiddei fia de app al wer binnen. Sy wolle graach wer ride."

Gjin trochstreaming

Mar dy't earst yn 'e roef komt, hat kâns fan plak. De wachtlist is lang. Elzinga: "Trochstreaming is der net, want de jongelju dy't earder al ôfride soene binne earst oan bar. Wy moatte sjen hoe gau wy de earste eksamens ynplanne kinne en hoe snel de jongelju ôfride kinne. Mar de eksamens foar de nije learlingen kinne pas om healwei juny oanfrege wurde. Dus dat duorret noch wol efkes."

It slagge Elzinga om de holle boppe wetter te hâlden. "Persoanlik foel de klap mei, mar ik tink dat der in soad rydskoallen binne mei it wetter oan de lippen." Dêrom is it wichtich dat der wer ride wurden mei. "It bliuwt sa dat wy mûlkapkes op hawwe moatte en dat wy de auto nei in rit wer skjinmeitsje. Mar wy binne al lang bliid."

Ferslachjouwer Demi Hoekstra mei rydynstrukteur Jannie Elzinga fan Noardburgum

(Advertinsje)
(Advertinsje)