"Undernimmers Skiermûntseach binne net de iennigen dy't iepen geane op 16 maart"

24 feb 2021 - 16:19

De ûndernimmers op Skiermûntseach dy't de restaurants en terrassen iepenje op 16 maart, sille net de iennigen wêze. Dat ferwachtet de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland. "Ik merk dat er veel onrust is, mijn app en mailbox ontploffen", seit Corné van de Erve fan KHN Fryslân.

Undernimmers Skiermûntseach iepen

De hoareka op Skiermûntseach wol op 16 maart de doarren iepen dwaan, oft dat no mei of net. De ûndernimmers sizze dat se gjin perspektyf ha nei de lêste parsekonferinsje fan premier Rutte.

"Ze zijn niet te houden"

Van de Erve ropt oare ûndernimmers net op it foarbyld fan Skiermûntseach te folgjen, mar hy begrypt de aksje wol. "De horeca voelt zich onbegrepen, ze zijn ronduit boos. Er heerst een sfeer dat ze het niet langer pikken, ik denk dat ze niet meer te houden zijn." De tiid fan begryp en meilibben is neffens Van de Erve foarby.

In protte ûndernimmers wolle net oant 16 maart wachtsje, seit Van de Erve. "Er worden allerlei data genoemd voor het openen van de deuren. De horeca is al lang dicht, maar er blijven evenveel besmettingen. Daar zit de frustratie. Maar we kunnen ons niet als makke schapen naar de slachtbank laten brengen."

In hotel op Skiermûntseach - Foto: ANP

De ûndernimmers op Skiermûntseach sizze dat de gemeente net in protte foar se docht. Neffens Van de Erve hat it net in protte doel om by gemeenten en boargemasters oan te klopjen, "omdat die niets kunnen doen doordat de regelgeving landelijk aangestuurd wordt".

Boargemaster Van Gent fan Skiermûntseach seit dat de ûndernimmers op it eilân al bot yn 'e mjitte kaam binne, mar mei allinnich terrassen útwreidzje komme de ûndernimmers der neffens Van de Erve net. "Daar red je geen bedrijfstak mee. Dat is te belachelijk voor woorden! Ik stel voor dat ze zes maanden lang haar salaris en onkostenvergoeding inlevert en dat aan de horeca-ondernemers schenkt. Dan kunnen we het samen oplossen."

De Nederlânske hoarekaferiening docht in driuwend berop op it kabinet "om zo snel mogelijk met ons mee te werken richting een verantwoorde opening". Van de Erve: "Ik kan de ondernemers niet meer in de hand houden. Die tijd is voorbij, daar luisteren ze niet meer naar."

Corné van de Erve fan Koninklijke Horeca Nederland

(Advertinsje)
(Advertinsje)