Frou slim ferwûne nei fal fan crossmotor yn Drachten

24 feb 2021 - 16:09

In byrydster fan in crossmotor is woansdeitemiddei slim ferwûne rekke nei in fal. It ûngelok barde op de krusing Zuiderhogeweg mei de Moleneind Zuidzijde yn Drachten.

Foto: De Vries Media

De frou siet tegearre mei in man op de crossmotor. Troch ûnbekende oarsaak waard de frou lansearre. Se soe gjin helm droegen ha en rûn in flinke holwûne op. Ferskate helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter, wurde ynset. Hoe't de man deroan ta is, is net bekend.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok crossmotor
(Advertinsje)
(Advertinsje)