Soe tape op dyn lichem plakke de oplossing wêze tsjin heakoarts?

24 feb 2021 - 15:51

Hoastje, prúste, benaudens, in dripnoas en jokjende eagen: it binne de ferfelende symptomen fan heakoarts dêr't hieltyd mear minsken lêst fan hawwe no't it wer maitiidswaar wurdt. Der bestean ferskate middeltsjes en medisinen tsjin, mar in oare opsje is it plakken fan tape op dyn lichem. Hoewol't der gjin bewiis is dat dat echt effekt hat, binne guon minsken oertsjûge fan de wurking.

Foto: Shutterstock

"It is net nij. In jier as sân ferlyn binne we dermei begûn en om't it goed oanslaat, krijt it hieltyd mear namme", fertelt fysioterapeut Jelle Eijzenga fan Berltsum.

It saneamde medical taping wurdt hieltyd mear tapast, fertelt Eijzenga. Dêrfoar wurdt normale sporttape brûkt. Mar hoe wurket dat no krekt? "Yn de rêchbonke rint it sintrale senuwstelsel en neist de rêchbonke rint in stikje fan it fegetative senuwstelsel. En dat stikje soarget foar alles dat net troch de wil te beynfloedzjen is, lykas prûste en slymproduksje."

Segmintale wurking

De tape wurdt rjochts en lofts neist de rêchbonke oanbrocht. Eijzenga: "Dan hast in reflekswurking op it fegetative senuwstelsel. En dy refleksreaksje soarget derfoar dat it prûsten en meitsjen fan slym minder wurdt. De tape rint dan fan it skouder nei it boarst, dêr't it wurket op de sykhelspieren. Dat neamst de 'segmintale wurking'.

Meganyske wurking

Dan is der ek noch in saneamde meganyske wurking. "Do bringst it oan wylst in bytsje krom stiest. Ast rjochtop stiest en de tape rekt wurdt, dan hast de neiging om rjochterop sitten te gean. Ast rjochterop sitst, soargest der ek wer foar dat der mear romte komt foar it azemjen. Dan krijst dus mear skjinne lucht yn de longen", leit Eijzenga út. "De tape hat dus in dûbelde wurking."

"It wurket of it wurket net"

Sadree't minsken de earste heakoartsklachten begjinne te krijen, moatte se der neffens Eijzenga fuort by wêze. "As je it oanbringe by it alderearste begjin, dan is de wurking it grutst. Ast der al fiif wiken mei omrinst, bist al oan de lette kant."

"De tape moat dan in wike sitten bliuwe, dêrnei bringst it noch in kear oan. Dat moat meast twa of trije kear", fertelt Eijzenga. It handige is datst de tape gewoan sitte litte kinst, ek ûnder de dûs. Der binne neffens him dan twa opsjes: "óf it helpt óf it helpt net. As it nei trije kear gjin ferbettering jout, dan jout it dat nei tsien kear ek net. It is net sa dat it de oarsaak fan de klachten fuorthellet, mar it helpt it bestriden fan de symptomen."

Gjin bewiis

By goed 80 persint fan de heakoartspasjinten soe it medical tapen helpe. Der is lykwols gjin yngreven ûndersyk nei dien en der soe gjin bewiis wêze dat it echt helpt. It oanbringen fan tape is dus gjin garânsje dat heakoartsklachten echt ferdwine.

Jelle Eijzenga

(Advertinsje)
(Advertinsje)