Fryske VDL-bussemakkers wurde wenningbouwers: "Wurkgelegenheid behâlde"

24 feb 2021 - 15:52

Bussebouwer VDL fan It Hearrenfean stapt oer nei de wentebou. Fan takom jier ôf makket it bedriuw spesjale units dy't yn de wenten komme fan boubedriuw Van Wijnen. It giet om units foar bygelyks de badkeamer. De namme VDL Bus feroaret dan nei VDL Smart Spaces. "Op dizze manier kinne we de wurkgelegenheid seker stelle", seit Ietze van der Meer van VDL.

Fryske VDL-bussemakkers wurde wenningbouwers

Ietze van der Meer fan VDL Bus Heerenveen

It kontakt tusken boubedriuw Van Wijnen en VDL ûntstie flak foar de simmer. Sûnt dy tiid hawwe se dwaande west mei de útwurking fan de plannen. Van Wijnen is al drok dwaande mei de bou fan in grutte fabryk op It Hearrenfean. Dêr moatte aanst de kasko's fan huzen boud wurde.

Ferlingstik fan bouwurk

VDL giet oan de slach mei de binnenkant. "As VDL Bus Heerenveen binne wy altyd op syk nei oar wurk dernjonken. Dit past der prima yn, dus dêr wie ik entûsjast oer", seit Van der Meer. "De stap sil grut wêze, mar der sitte likegoed waarmtepompen yn bussen as yn huzen. Dat jildt ek foar de fentilaasje. Dus yn komponinten komt it oerein," seit Ietze van der Meer van VDL Bus Heerenveen.

Foar Hilbrand Katsma fan Van Wijnen is VDL in logyske partner: "Se kinne hjir hiel rap delsette wat wy nedich hawwe. Se wurde ús taleveransier foar de units. Se kinne hjir ek maklik opskale. It moat mooglik wêze dat se hjir sa'n 6.000 units op jierbasis meitsje sille."

Boukampus

"It moat hjir eins in grutte boukampus wurde", fertelt Katsma. Beide bedriuwen sitte oan de Wetterwille oan de westkant fan It Hearrenfean tusken it kanaal en it spoar. "We kinne hjir ek hiel effisjint wurkje. Troch alles hjir te meitsjen hoecht der folle minder riden te wurden en besparret dat CO2-útstjit. De bou kin ek folle rapper. It moat sa mooglik wêze yn 24 oeren in hûs te pleatsen."

Katsma wol sa ynspringe op it grutte gat dat der is as it giet om noch te bouwen wenten. "Der is in tekoart fan 1 miljoen huzen oant 2030. Dat binne der 100.000 op jierbasis. We bouwe der no sa'n 60.000. Mei de kennis en ynnovaasje hjir kinne we krekt dêr in slach slaan."

Hilbrand Katsma fan Van Wijnen Noord

Foto: ANP

Der wurkje 150 minsken by VDL. Dy kinne allegearre mei oer nei it nije bedriuw. En Van der Meer tinkt dat der yn de takomst noch mear minsken oan it wurk kinne. "As je sjogge nei it tekoart oan wenningen, en wat wy hjir dogge, dan tink ik absolút dat de wurkgelegenheid omheech gean sil." Dochs begrypt ek Van der Meer dat net al it personiel fuort sit te wachtsjen op dizze feroaring: "It wurk wurdt oars. En guon bouwe hjir al jierren oan bussen, dus frjemd is dat net. Ik tink dochs dat in grutte groep entûsjast wurdt."

Wurkgelenheid garandearre

De wurkgelegenheid is garandearre foar meardere jierren, stelt Katsma. "It kin best wêze dat der ris in wurknimmer op in oar plak binnen it bedriuw ynset wurdt." Ek foar syn bedriuw Van Wijnen feroaret it der it ien en oar. De line op De Gordyk dêr't no dit soarte fan units boud wurde ferhuzet nei It Fean. Dat giet om acht minsken.

Personiel ynformearje

It personiel is woansdeitemiddei ynformearre oer de plannen. De ûndernimmingsried moat noch advys jaan oer de plannen. It fakbûn FNV is posityf. Masja Zwart: "Dit geeft meer baanzekerheid voor de werknemers. De bussenbouw staat onder druk en dan is het wachten op slecht nieuws. Dit geeft de mensen daar een toekomst."

Foar it safier is wurde der noch gewoan bussen boud. Foar dit jier en in part fan takom jier lizze der noch genôch oarders op de plank.

(Advertinsje)
(Advertinsje)