156 nije coronabesmettingen en seis stjergefallen yn Fryslân

It RIVM meldt woansdei 156 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 21 mear as tiisdei. Doe wienen it der 135. De ôfrûne wike binne yn trochsneed 192 besmettingen deis registrearre.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeenten Ljouwert (29), De Fryske Marren (20) en Súdwest-Fryslân (19).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren seis stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân, Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Weststellingwerf, Tytsjerksteradiel en Dantumadiel.
Der is yn de ôfrûne 24 oeren ien Fries yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus, yn de gemeente Ljouwert.

Lanlike sifers

Lanlik binne 4.420 nije coronagefallen meld. Dat is yn line mei it wikegemiddelde.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.