Soad einekuorren streekrjocht ferkocht: "No de tiid om se op te hingjen"

24 feb 2021 - 14:43

Elts jier wurde der yn Fryslân sa'n 1.500 oant 2.000 einekuorren ferkocht. Einekourren moatte op dit stuit nei bûten: "De kommende 14 dagen is dé tiid om einekuorren op te hingjen," seit makker Bouwe de Groot fan Grou. "Om 15 maart hinne komme de earste eine-aaien al." Fanwegen de coronamaatregels wurde dit jier in soad kuorren digitaal ferkocht.

Einekuorren yn in beam - Foto: De Strampel

Bouwe de Groot fan Grou is in warbere einekoermakker. Hy besiket de kuorren ûnder oare op sosjale media te ferkeapjen. "Wy hawwe corona dit jier. Oars geane de einekuorren nei winkels en boumerken, mar dy binne fansels ticht. Dus no moatte wy in oare wei sykje foar de hannel." De Groot hat dit jier al sa'n 100 einekuorren makke. "Sy binne allegearre al fuort. Fia ynternet ferkeapje wy streekrjocht oan klanten."

Streekferskillen yn kuorren

Der binne ferskate wizen om einekuorren te meitsjen, leit De Groot út. "It is in streekbûn produkt fan eartiids. Wy hiene hjir by Grou de wetterkoer, hielendal makke fan reid. Mar mear yn de Wâlden wurken se mear mei flaaks. En ûnder yn Fryslân brûkten se in soad wylgetienen."

Neffens De Strampel, de Fryske Feriening fan Einekoerflechters, binne der de Trynwâldster koer, toukoer, klaaikoer, wylgetienekoer en de wetterlânkoer. "Ik fyn it sels it moaiste mei flaaks, dan krije je it moai skakearre oer de koer. In moaie koer mei grien reid en giel flaaks liket ek moai yn de feart. Eartiids waarden de kuorren foar de aaien útset, no mear foar de piken."

De Strampel

Doe't De Groot sa'n jier as tolve lyn mei de VUT gie, begûn hy mei de produksje. "Ik kaam yn 'e kunde mei De Strampel. In einekoer stiet op in strampel. Mar it is ek de namme fan de feriening, mei sa'n hûndert leden dy't allegearre kuorren meitsje. Ik haw it leard fan myn pake as bern, mar no haw ik by De Strampel wer byleard. It begjint mei tsien, mar no meitsje ik sa'n hûndert it jier."

It is in moai tiidferdriuw, sa fynt De Groot. "Je kinne der ek mei nei streekmerken. Sa sit ik sneon yn Reduzum, dêr't iel rikke wurdt. It hiele proses mei it reid- en flaakssnijen en it fierder klearmeitsjen duorret sa'n trije oeren. Dan is in koer wol yninoar draaid."

Einekoermakker Bouwe de Groot fan Grou

In einekoer yn it wetter - Foto: Fûgelwacht

Boskwachter Gjerryt Hoekstra fan Steatsboskbehear set alle jierren in stik of tweintich kuorren. "It setten doch ik net as boskwachter, mar wol as leafhawwerij fan mysels. Ek mei it iis haw ik koartlyn in pear set. De peallen stiene der al, ik hoech allinne de kuorren der op te setten. In pear steane flakby in gemaal. Mar doe't dy wer yn wurking set binne, haw ik ek in pear ferlern troch brokken iis dy't yn beweging komme. De hiele rommel gie om."

Flugge start

Mei in einekoer jouwe je de einen wat mear in flugge start, seit Hoekstra. "Lytse eintsjes binne kwetsber. Eartiids wiene alle fearten wat rûger, dêr koene de einen feiliger yn briede. As sy yn de wâl sitte, binne sy ek kwetsber foar predaasje. Mar mei in koer yn 'e midden fan de sleat is de kâns folle minder grut dat der in stienmurd hinne giet om aaien op te heljen."

De earste einen lizze no al op de aaien. "Je moatte sa'n 28 dagen rekkenje en hoopje op wat moai waar, sa't der wat michjes binne dy't se frette kinne. Net alle eintsjes oerlibje it. Mar dat is ek de natuer. Lanlik giet it wat minder mei de briedgefallen, mar oan de oare kant haw ik op bepaalde plakken just ek wol wer in soad sjoen."

Boskwachter Gjerryt Hoekstra fan Steatsboskbehear

By De Strampel is mear ynformaasje te finen oer hoe't je in einekoer ophingje kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)