GGD: "It giet noch te faak mis mei besmette minsken dy't net thús bliuwe"

24 feb 2021 - 13:08

Wylst lanlik de coronamaatregels in bytsje ferromme wurde, rint yn Fryslân it oantal besmettingen noch altyd net werom. Dat blykt út de grafyk mei it gemiddeld oantal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen. It leit net oan it firus, mar oan ús sels, dat it oantal besmettingen net fierder weromrint, sei premier Rutte by de parsekonferinsje tiisdeitejûn.

De coronatestlokaasje yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Ien op de fjouwer minsken dy't posityf test is op it coronafirus, giet noch de doar út, sei premier Rutte. Dat binne lanlike sifers.

"We kennen dit cijfer uit eerder onderzoek, maar ik schrik daar wel van", seit Mees van der Hoff fan de Fryske GGD. Hy hâldt him dwaande mei it boarne- en kontaktûndersyk. "Het laatste onderzoek van het RIVM is niet naar Fryslân uitgesplitst. Maar het gebeurt hier ook, het zou minder kunnen zijn, maar dan nog zijn het er steeds teveel."

Yn petear bliuwe

As de GGD minsken sprekt dy't sizze dat se har net isolearje dan geane de meiwurkers mei se yn petear. "We leggen uit dat wat zij misschien als een klein risico zien en als iets noodzakelijks, dat dat ook een besmetting kan opleveren en elke besmetting telt weer meer." Faak docht bliken dat der noch in fraach achter sit, dat se gjin help yn har omjouwing hawwe. "Dan gaan we zoeken naar een oplossing, van wie ze hulp kunnen krijgen. En als die er niet is, geven we de contactgegevens door aan een ouderenorganisatie of een vrijwilligersorganisatie."

Oft hy tinkt dat 100 persint fan de minsken har oan de isolaasje hâlde nei in positive útslach? "Het is reëel. Mensen kunnen zelf de keuze maken. Als we het met z'n allen doen, dan kan het."

Mees van der Hoff fan de GGD

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
GGD coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)