EuroParcs keapet badpaviljoen Hylpen en Camping Schuilenburg

24 feb 2021 - 12:45

Fakânsjebedriuw EuroParcs wurdt eigener fan Badpaviljoen Hindeloopen en Camping Schuilenburg yn Hylpen. "Het is een geweldige plek," seit wurdfierder Ron Moerenhout fan EuroParcs. "Dit was een buitenkans: Fryslân stond op ons lijstje. We hebben nog niets in Fryslân. Nu komt deze kans langs." Wol is der in soad te dwaan om benammen it paviljoen. De eardere eigener hat in konflikt mei de gemeente oer it monumintale pân.

EuroParcs keapet badpaviljoen Hylpen en Camping Schuilenburg

Neffens EuroParcs Group moat de lokale mienskip fan it oernimmen profitearje. Bygelyks troch it brûken fan lokale bedriuwen en it winnen fan personiel út de regio. Direkteur Wim Vos fan de EuroParcs Group is bliid mei de oankeap, benammen fanwege de moaie lokaasje oan it wetter fan de Iselmar.

Gefoelich

De EuroParcs Group is eigener fan in lytse fjirtich fakânsjeparken yn en bûten Nederlân. De nije eigener sil yn in letter stadium de ambysjes bekend meitsje mei it 'pas verworven bezit', sa skriuwt it bedriuw. "Daarbij is de onderneming zich bewust van de gevoeligheden rondom het uit 1911 stammende badpaviljoen Hindeloopen."

Foto: Omrop Fryslan

It paviljoen, ea de pearel fan de Sudersee neamd, hat in lange skiednis. Mar der hat jierren striid west tusken de gemeente en eigener Douwe van der Meulen oer it monumintale pân. It stie der lang fertutearze by, mar de lêste jierren hie de eigener ferskate saken fernijd en ferboud sûnder oanfraach fan fergunning. Fanwegen it konflikt stiet it paviljoen lang efter in stek.

"Wij weten hoe bijzonder dit pand is als één van de weinige gebouwen van beton in Nederland uit die tijd," seit direkteur Vos. "Wij gaan in samenwerking met de gemeente dan ook kijken hoe we het beste recht kunnen doen aan deze voor veel mensen speciale plek."

Wurdfierder Ron Moerenhout fan EuroParcs

It badpaviljoen sa't it ea west hat - Foto: Omrop Fryslân

Monumintaal

Wurdfierder Moerenhout fynt it spitich wat der mei it âlde paviljoen bard is. "We zijn ons er bewust van wat er speelt. Als ik oude zwart-wit foto's zie met dagjesmensen, dan kun je alleen maar nostalgisch worden. We gaan eerst praten met de gemeenten over de wensen, wat er mag en wat er moet. Voor ons is het een combinatie van de camping en het badpaviljoen. Het paviljoen is een Rijksmonument en daar zijn allerlei procedures over gevoerd. Dus we moeten voorzichtig kijken naar de eerste stap."

Sa is it âlde plafond fan blik ferdwûn. "Ik heb het gezien op YouTube, maar ik kan er niets over zeggen. We moeten kijken of er een verplichting is omtrent het blikken plafond: of het überhaupt mogelijk is om het terug te laten komen. Daar moeten we ons in verdiepen."

It soe wol moai wêze as der wer hoareka yn komme kin. "Dat is wel de intentie, maar dat gaan we bespreken met de gemeente. We willen de wensen uit de buurt inpassen in de totaalplannen."

Fakânsjehúskes by de camping

Ek foar de camping jildt dat EuroParcs him earst oriïntearje moat. "We hebben natuurlijk te maken met een bestemmingsplan. Wij zijn bekend van de resorts en vakantieparken. We kijken wat er op deze plek mogelijk is."

It delsetten fan fakânsjehúskes sjocht EuroParcs wol sitten. "Dat is zeker onze wens. Hoeveel er van de camping overblijft kan ik nu echt niet zeggen. We hebben te maken met de gemeente, omwonenden en stakeholders. We moeten eerst in gesprek. We willen alles meenemen in de plannen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)