KNVB: fuotbalkompetysje foar amateurs is oer

24 feb 2021 - 12:31

Troch de ferlinge coronamaatregels kinne de fuotbalkompetysjes foar de amateurs (senioaren) net mear fierder. Dat meldt fuotbalbûn KNVB. Dêrtroch sil der dit jier opnij gjin promoasje of degradaasje wêze. De yndieling foar it kommende seizoen wurdt basearre op de yndieling fan dit seizoen.

Foto: Omrop Fryslân

It giet om kategory A, de earste alvetallen Twadde Difyzje oant en mei Fiifde Klasse.

De KNVB hantearret foar de senioare-fjildkompetysje yn dy kategory in uterste startdatum fan 10 en 11 april en in minimale tariedingsperioade sûnder beheinende maatregels fan 4 of 5 weken. Dat soe dan mooglik wêze moatte fan 10 maart ôf. Mar de maatregels fan it kabinet binne ferlinge oant en mei 16 maart, dêrom kin de kompetysje net oppakt wurde.

Foar de kompetysjes yn de seal, en foar de jeugdkompetysjes, steane dy opsjes noch wol iepen. Jeugd oant 27 jier mei wol wer traine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)