Hoareka Skiermûntseach wol los yn maart: kontakt mei gemeente 'ûnderkuolle'

24 feb 2021 - 12:18

It perspektyf foar de hoareka is nul nei de lêste parsekonferinsje fan premier Rutte. In oantal hoarekasaken op Skiermûntseach seit: genôch is genôch. Under oaren Remko de Bruijne wol as eigener fan Hotel Graaf Bernstorff op 16 maart de doarren iepenje.

Hotel Graaf Bernstorff op Skiermûntseach (argyfbyld) - Foto: Shutterstock.com (TasfotoNL)

"Het gaat niet om 16 maart, maar het gaat er om dat wij als ondernemers een signaal af willen geven. Er is veel onvrede in het land. Het is nu tijd om onze vinger op te steken en een punt aan de horizon te willen. Als Den Haag dat niet biedt, dan kiezen we zelf wel zo'n punt. Ik hoop dat iedereen het ziet en dat het als een olievlek werkt," jout De Bruijne oan.

Hoefolle hoarekasaken meidogge oan de aksje, kin De Bruijne net sizze. "Ik sluit niet uit dat er ondernemers zijn die afvallen, maar ik sluit ook niet uit dat er elders ondernemers zijn in het land die het een goed idee vinden. Ik vind dat er een mate van perspectief moet worden geboden."

Kontakten mei gemeente 'ûnderkuolle'

It risiko foar De Bruijne is dat er in boete fan 4.000 euro krijt. Boargemaster Ineke van Gent hat yn in reaksje oan de Leeuwarder Courant witte litten dat sy hanthavenje sil as de hoarekasaken iepen geane. "Zij is aangenomen om de boodschap te verkondigen, dat snap ik wel," jout De Bruijne oan. Hy hie it wol ferwachte. De relaasje tusken de hoareka en de gemeente is de lêste tiid min, leit hy út.

De hotel-eigener praat net mei de gemeente, want neffens him is der te min omtinken foar de kafees, hotels en restaurants. "Ik heb geen contact gehad met de burgemeester. Wederzijds is er geen contact opgenomen. De contacten zijn de laatste tijd wat onderkoeld geraakt tussen de gemeente en horecaondernemers. Dat heeft met name te maken met corona. Er is vanuit het college weinig aandacht voor ondernemers. Toen de nood hoog was voor ons zijn we niet benaderd, dat vinden wij teleurstellend."

Heard wurde

De Bruijne sjocht wol dat de situaasje om it coronafirus hinne ek slim is. "Maar de situatie aan de andere kant ook. Er wordt veel naar virologen geluisterd, maar er is ook een kant van ondernemers en burgers. Die worden minder gehoord."

Neffens De Bruijne kin de hoareka prima iepen: mei 1,5 meter ôfstân is der goed te wurkjen. "We hebben dat al gedaan voor de tweede golf. Toen werkten we met een beperkt aantal mensen in het bedrijf, ik denk dat dit weer kan."

Remko de Bruijne

(Advertinsje)
(Advertinsje)