Musea meie noch net iepen; "Heel jammer, maar wel verstandig"

24 feb 2021 - 12:16

Kultuer snuve yn musea kin de kommende tiid noch hieltyd net. Yn de parsekonferinsje fan tiisdeitejûn kaam de kulturele sektor net oan bod as it giet om ferrommingen fan de maatregelen. Eins seach Hugo ter Avest, direkteur fan gemeentemuseum Het Hannemahuis yn Harns, dat wol wat oankommen. "Dat de musea nog niet open konden, kwam niet als een verrassing. Het is natuurlijk wel heel jammer, maar wel verstandig."

Musea meie noch net iepen

It hat neffens him net folle doel om wat te sizzen oer wannear't musea wol wer iepen kinne. "Het zou mij niet verbazen als dat begin mei wordt, ik hoop natuurlijk eerder, maar daar zijn geen aanwijzingen voor." Yn it museum ha gjin besmettingen west, mei alle oanpassingen lykas de rinrûte en in beheind tal besikers soe it neffens him wol iepen kinne. "Maar musea maken deel uit van een breder beleid vanuit de rijksoverheid en daar moeten wij ons gewoon aan houden."

Yn 2020 hat it museum goed draaid fanwegen in grutte tentoanstelling mei wurk fan it Rijksmuseum. "Voor dit jaar is het nog te vroeg om daar iets over te zeggen. Ik ben blij dat we onderdeel zijn van de gemeente Harlingen zijn en dat het daar in de begroting is opgenomen. Daarmee hebben we toch een soort zekerheid."

Meiwurkers wurkje thús, mar foar de frijwilligers is it ek swier. Se meie net komme. "Het is heel zuur en heel dubbel dat voor de mensen, die zich graag willen inzetten, hun werk al een tijd stilligt."

Hugo ter Avest

Direkteur Hugo ter Avest fan Het Hannemahuis yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
(Advertinsje)
(Advertinsje)