PvdA hat noed oer ynfloed fan stikstof op koarstmoassen Gaasterlân
De fraksje fan de PvdA yn gemeente De Fryske Marren hat noed oer de ynfloed fan stikstof op koarstmoassen yn Gaasterlân. De provinsje hat ûndersyk dwaan litten. De resultaten dêrfan binne yn in rapport publisearre: it docht bliken dat koarstmoassen tige gefoelich binne foar luchtfersmoarging. De fraksje hat fragen steld oan it kolleezje fan De Fryske Marren.
It falt benammen yn Gaasterlân op dat der in flinke delgong te sjen is yn de saneamde 'stikstofmijende koarstmoassen.' It betsjut in delgong oan bioferskaat. Seldsume planten, ynsekten en fûgels rinne dêrtroch ek wer mear gefaar op. "En dat heeft weer gevolgen voor het specifieke landschap van Gaasterland," sa skriuwt de PvdA.
De fraksje nimt de útkomsten fan it rapport serieus en wol graach in reaksje fan it kolleezje. Riedslid Frans Westra jout oan dat hy graach witte wol oft it koleezje aksje nimt.
Ammoniak, klimaat en beamûnderhâld
Neffens it rapport Monitoring van ammoniak met korstmossen in Friesland 2019 is de belêsting fan ammoniak yn Gaasterlân tanommen. Foar werstel is it nedich dat de ammoniakkonsintraasjes omleech geane. Ek it klimaat hat ynfloed op koarstmoassen, lykas it ûnderhâld fan beammen. Lege sydtakken moatte goed fuorthelle wurde en somtiden ferdwine der ek soarten troch it kappen fan beammen by bygelyks it fernijen fan diken.
De efterútgong is net allinne yn de boskgebieten fan Gaasterlân werom te finen, mar ek yn it súdeasten fan Fryslân om Appelskea, Beetstersweach en Bakkefean hinne.