Terrasfergunning by ferromming ek mooglik foar nachtklups Súdwest-Fryslân

24 feb 2021 - 10:13

Gemeente Súdwest-Fryslân hat it beslút dat hoareka-ûndernimmers gruttere terrassen delsette meie oant 1 novimber ferlinge. Op dit stuit hat de hoareka dêr noch neat oan, om't kafees en restaurants ticht bliuwe moatte fanwege de lockdown. Bysûnder is wol dat Súdwest-Fryslân no ek terrassen tastiet by hoarekasaken dy't oars gjin terrasfergunning hiene, lykas nachtklups. Dy krije sa de mooglikheid om harren saak foarearst om te bouwen ta in reguliere bar.

Café Neighbours, Club 1841 en Alcatraz Café yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De nachtklups binne swier troffen troch de coronakrisis, seit wethâlder Bauke Dam. "Ook nu is het nog niet bekend wanneer de horeca weer open mag, en in welke vorm. Maar met dit besluit lopen we daar vast op vooruit."

Mear gemeenten

As de hoareka wer iepen mei as der ferromming út it kabinet wei komt, dan kin dat dus wer mei in útweide terrasfergunning. Sa kinne der mear gasten betsjinne wurde.

Súdwest-Fryslân is net de iennige gemeente, ek gemeente Ljouwert sei earder al dat harren regeling foar terrassen langer duorret. Beide gemeenten makken yn septimber 2020 bekend de regeling troch te lûken oant 1 april 2021. Foar ûndernimmers yn Súdwest-Fryslân jildt dus no 1 novimber 2021.

(Advertinsje)
(Advertinsje)