It Fryske Gea set lêste puntsjes op de i foar briedseizoen

24 feb 2021 - 09:55

Meiwurkers fan It Fryske Gea binne al wer drok oan it wurk yn de natuer. "De lêste puntsjes moatte op de i foardat it briedseizoen begjint. Mei dit moaie waar krije we miskien ek in betide maitiid dus we moatte oan de bak", seit Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea.

It Fryske Gea set lêste puntsjes op de i foar briedseizoen

It wurk dat op de planning stiet, is it oprêden fan de houtopslach. "Wylgen binne snoeid en dat sille we no fersnipelje en ôffiere. Dy beammen moatst oanpakke as der gjin blêd oan sit, dus dat ha we yn de hjerst en winter dien." De froast hat de mannen fan It Fryske Gea ek holpen. "Dêrtroch koenen we op stikken lân komme dat oars te wiet is om te meanen."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Eins begjint de tarieding op it briedseizoen fuort al nei de simmer. "We ha in hillige datum fan 15 maart, dat is de start fan it briedseizoen, dan moatte we út it fjild wêze. Mar it briedseizoen kin ek samar earder wêze as it waarmer is."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Jan Jelle Jongsma

Yn Hurdegaryp binne Bauke en Offe begûn oan it fersnipeljen fan de tûken dy't fan de stobbewylgen snoeid binne. "Fan de 150 wylgen fersnipelje we in tredde", leit Bauke út. "Mei dy snippers meitsje we wer oaren bliid, dy struie it bygelyks op paadsjes." En in part fan de tûken wurdt brûkt by einekuorren.

Unbegryp foar wurk

Beide mannen ha de lêste tiid te krijen mei ûnbegryp foar har wurk. "Dan stean der teksten op de buorden lykas 'kaalslag 'of 'idioten'. Mar minsken witte net dat it ûnderhâld by de natuer heart", leit Offe út. "Minsken komme troch corona miskien mear yn de natuer, dy is altyd iepen, mar net elk snapt it ferhaal derachter. Oan ús dus de taak om it út te lizzen", follet Bouke oan.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Bauke en Offe

(Advertinsje)
(Advertinsje)