Kollum: "Waardeloaze sjoernalistyk"

"PvdA-listlûker Lilianne Ploumen sei yn It Polytburo dat it kabinet Rutte te min dien hat foar it Frysk. In prima opmerking, al hie se alle kabinetten fan 1951 ôf wol neame kinnen. Mar mei permisje frou Ploumen, dat is in folslein net wichtige opmerking. Lykwols waard it de headline fan ús media by har besite. Dat is, nim mei net kwea ôf, waardeloaze Fryske sjoernalistyk.
© Omrop Fryslân
De toan fan Eelke Lok
Presys itselde as dat CDA-listlûker Wopke Hoekstra wol dat it nije regear soarget dat de sinnepanielen op Thialf wer rjocht lein wurde. Prima dat soks barre soe. Mar it is itselde as mei de diskusje oer syn rûntsje reedriden mei Sven Kramer. Natuerlik wie dat fan tefoaren opset, oars komme je as minister net yn trainingspakje en mei redens yn de hân by Thialf oan. Mar dat no elk dêr oer falt, wylst se sels allegear in wike earder op it iis stapten, wylst oerheid en oare organisaasje seinen dat it net moast, dan binne je krekt like ûnnoazel as de minister.
Tuerlik is it wichtich dat Thialf trochgean kin. Fansels is it wichtich dat de kabinet omtinken hat foar de twadde rykstaal. Mar wy binne foaral gewoan ynwenners fan Nederlân. We ha dus it measte belang by wurk, in goed ynkommen, in goed klimaat, in wenning dy't we betelje kinne, goede soarch, in pensjoen, goed ûnderwiis foar ús bern. Ensafuorthinne.
Ek as Fries wol ik witte wat dy oankommende Keamerleden dêrfan fine en hoe't se dy rommel nei de pandemy allegear oprêde sille. En dat der in ein oan komt. Al seit Rutte dat de ferkiezings net oer corona gean, ik set op myn stimbiljet dat ik ferdoary in faksinaasje ha wol.
Dat binne, mediale kollega's, de saken dy't foar de Fryske lêzer, harker en sjogger fan belang binne. Net dy regionale poppekast. Nim no de Lelyline. Alle politisy dy't hjir komme sille sizze dat de Lelyline ôfgryslik wichtich wêze kin, en dat se der nei sjen sille. Mar Grinzers en Friezen hoege dêr gjin orgasme fan te krijen, se sizze echt net dat dy Lelyline der komt.
Omtzigt hat al eins al ferklapt dat it noait wat wurde sil. As se aanst om 'e tafel sitte om oer in programma te praten, dan komt Wopke Hoekstra deryn riden en fertelt hoe grut oft de finansjele efterstân fan dit lân is, en wat der foaral nét dien wurde moat, om dat te feroarjen.
Dan hat dyselde Wopke it dus net mear oer Thialf. Dan hat Kaag it net mear oer de Lelyline, en dan hat Ploumen it net mear oer it Frysk. Dus litte jim no net, troch eigen media noch wol, yn de hobbel jeie troch fan ditsoarte dingen headlines te meitsjen. Se ljochtsje ús ferkeard foar hoe't we stimme moatte.
Trouwens wy litte Limburchske Lilianne wol kapittelje oer it Fysk, wylst wy der sels as Fryslân net iens yn slagje om ús hûzen gasfrij te krijen, lykas we ôfpraat ha. Klimaat is dochs folle wichtiger as it Frysk. It soe moai wêze as we sels mei soksoarte saken rêde soene, mar dat kinne we net.
We sitte nammentlik mei deputearre Sietske Poepjes. Dy hat blykber in stel adviseurs dy't net doge. Ik kin my teminsten net foarstelle dat se it sels betinkt. Se hat neffens guon skriuwers in ferkearde Gysbert Japicx-sjuery beneamd. Ja, ik wit dat Abe de Vries in notoire kankerer is, mar ik kin my wol literêrder sjuerys foarstelle. En de eigen kolleezjefraksjes ha no ek sein dat de beoardielingskommisje foar de kulturele saken yn dizze provinsje, net oan de ferwachtings foldien hat. Alle âlde kultuer waard yn ien kear fuortsmiten.
En no hat DINGtiid, dat wittende, ek noch sein dat it net fertroud is dat de provinsje it foech krijt oer it Fryske ûnderwiis. Dat moat yn Den Haag bliuwe. Dat bart dan fansels ek daliks, want as der ûnderlinge diskusje is yn in regio, dan beweecht Den Haag echt net.
Plannen foar in sydline fan de Lelyline nei Ljouwert. Grinzers dy't sizze dat it net oer It Hearrenfean hoecht. Besprekkingen mei de NOC oer Thialf. Dat hat der allegear al lang foar soarge dat Den Haag dêr hielendal neat oan dwaan sil. Nettsjinsteande de krante- en radiokoppen hjirre."