Blydskip by LDODK oer rommere regels: sosjale aspekt by sport is belangryk

24 feb 2021 - 07:20

De ferrommings fan it regear waarden yn de sportwrâld bliid oanheard. De jeugd oant 27 jier mei wer yn groepsferbân sporte. Der meie lykwols noch gjin wedstriden tusken ferskillende klups spile wurde, dus alle aksje bliuwt noch op it eigen terrein. Wat fine se der by kuorbalklup LDODK op De Gordyk fan?

De earste groepstraining fan LDODK yn lange tiid op 'e Gordyk - Foto: Omrop Fryslân

"It is in moaie stap foarút", seit Gouke de Vries, foarsitter fan LDODK. "Mar we hienen leaver sjoen dat de jongste jeugd yn de regio wer tsjin oare klups spylje kin. Dat se bygelyks tsjin Hearrenfean of Jobbegea spylje. Wa wit, is dat de folgjende stap."

Sosjale aspekt belangryk

It is belangryk dat de jeugd oant 27 wer traine mei op it eigen kompleks. "Ek foaral fanwegen it sosjale aspekt. Foar de minsken boppe de 27 is it wol spitich, mar dy hawwe faak ek wol wat oars, al bern of karriêre." De klup organisearret al in skoft wedstriden ûnderling. "Dat fernimst ek wol, se spylje al in healjier tsjin oare teams fan de klup, dus dy hawwe elkoar no ek wolris in kear sjoen."

Dat de kantine ek noch hieltyd ticht is fynt De Vries ferfelend. "Net inkeld finansjeel, mar foaral foar it sosjale kontakt is dat belangryk."

Gouke de Vries fan LDODK

(Advertinsje)
(Advertinsje)