Auto yn 'e brân yn Drachten; mooglik sprake fan brânstichting

24 feb 2021 - 06:50

Yn Drachten is tiisdeitenacht oan de Steenkerk in auto ferlern gien troch brân. Krekt nei middernacht hearden buertbewenners in lûde knal en seagen se dat in auto yn 'e brân stie op it parkearplak. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Foto: Srfotografie

De plysje hat nei in mooglike dieder socht, om't der miskien sprake wie fan brânstichting.

Op 8 jannewaris waard al in camper yn 'e brân stutsen op de Michaëlsberg en heal desimber rekken twa auto's flink skansearre oan de Vlasakkers.

Trefwurden: 
Drachten auto brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)