Ynternasjonaal sukses fan Drachtster skilderes Margreet Boonstra nimt ta

24 feb 2021 - 06:30

It is opmerklik dat skilderes Margreet Boonstra út Drachten hieltyd mear ynternasjonaal sukses krijt yn in tiid fan corona. Foar it wurk fan dizze Fryske keunstner is benammen yn Dútslân grutte belangstelling.

Ynternasjonaal súkses Drachtster skilderes nimt ta

Boonstra hat har talein hat op it saneamde plein air-skilderjen: it direkt fêstlizzen fan natuerympresjes op it doek troch de keunstner, wurkjend yn de bûtenloft. Nei in grutte eksposysje yn Noard-Dútslân naam de ferkeap fan har wurk ta, mar sûnder help fan oaren wie dat net sa maklik gien, seit Boonstra. "Dat ik it rêden ha yn dizze rottiid, ha ik te tankjen oan alle muoite dy't oare minsken der foar dogge", fynt se.

Skilderij fan Margeet Boonstra - Foto: Omrop Fryslân

It bûtenlânske sukses foar Boonstra begûn sa'n acht jier lyn doe't sy troch in ferneamde keunstsamler út Dútslân frege waard foar in 'artist in residence' op in eilân foar de kust fan Kenia. "Wy sieten dêr doe krekt yn in ferkiezingsstriid kompleet mei in boargeroarloch. Dat hat o sa'n yndruk op my makke, wat je ek yn myn wurk weromsjen koene."

Wrede eleminten

It wurk fan Boonstra makke sa'n yndruk op de Dútske keunst-mecenas dat se dêrnei frege waard om mei te wurkjen oan in keunstprojekt foar de Dútske ambassade yn Parys. "Dêrfoar moasten we yn de eardere loopgraven yn de Vogezen ús ympresjes op dat plak sels ta byldzjende keunst ferwurkje." Boonstra hat dizze gauris wrede eleminten ek nedich om ta bettere prestaasjes te kommen. "Ik fyn dat needsaak."

Foto: MB

"Keunstners dy't allinnich fan in plaatsje of mei in model skilderje dogge har neffens my suver te koart." Se is bot te sprekken oer it keunstklimaat yn Dútslân. Neffens har bestiet dêr oer it generaal mear wurdearring foar artistike prestaasjes. "Yn alle gefallen wurde de keunstners minder gau oan bannen en regels fêstlein, sadat de frijheid om te wurkjen grutter is."

Ferkeap fia social media

De ferkeap yn it bûtenlân wurdt benammen stimulearre troch social media. In wolkomme oanfolling no't de measte galerys yn binnen- en bûtenlân de doarren fanwegen corona foar it grutste part sletten ha.

It sukses yn it bûtenlân kin Boonstra foarearst noch net ferliede om har ek yn it bútenlân ta wenjen te setten. "Dêrfoar sit Fryslân te djip yn myn hert. Boppedat bin ik ek in allinnichsteande mem dy't foar har bern hjir yn Fryslân soargje wol."

Skilderij fan Margeet Boonstra - Foto: Omrop Fryslân

Boonstra is foar kommende simmer útnûge foar in sympoasium yn it Dútske Willingshausen, dat de âldste skilderskoloanje fan Europa hat, dêr't acht keunstners út de hiele wrâld oan meidogge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)