Fertochte moard Malteeske sjoernaliste bekent en krijt fyftjin jier sel

23 feb 2021 - 23:04

In fertochte fan de moard op de Malteeske sjoernaliste Daphne Caruana Galizia hat syn skuld bekend yn de rjochtbank, meldt The Times of Malta. Vince Muscat hat fanwegen syn bekentenis fyftjin jier selstraf krigen. De saak soarge yn it Kulturele Haadstêdjier 2018 foar spanningen tusken Ljouwert en Valletta. De Malteeske haadstêd wie yn dat jier ek Kulturele Haadstêd.

Foto: ANP

De twa oare fertochten bliuwe folhâlden dat se ûnskuldich binne. Muscat besocht noch graasje te krijen, mar dat slagge net. Sûnt dy tiid wurke er gear mei de autoriteiten oan it ûndersyk, yn de hoop op straffermindering.

Galizia waard yn oktober 2017 mei in autobom fermoarde. De krityske sjoernaliste die op dat momint ûndersyk nei korrupsje binnen de oerheid en de bannen tusken de regearing en rike sakelju. Meardere ministers en in premier binne opstapt nei de moard op Galizia.

Kontakt mei Fryslân wegere

Yn it LF2018-jier wegere kultuerminister Owen Bonnici fan Malta kontakt mei deputearre Sietske Poepjes. Poepjes hie him frege om te praten oer de politike kommoasje op it eilân nei de moard op Caruana Galizia. Letter kaam Bonnici nei Fryslân ta om dochs te praten, mar de bannen waarden net better.

(Advertinsje)
(Advertinsje)