Hearrenfean-fans betinke aksje om stadion firtueel út te ferkeapjen

23 feb 2021 - 22:45

Ien dei is de hashtag #ikbinderby yn de loft en no al binne der goed 1.500 kaartsjes ferkocht. It giet om in aksje fan supporters fan SC Hearrenfean, wêrmei't se kaartsjes ferkeapje foar de wedstriid tusken SC Hearrenfean en Ajax kommende wike. Doel is om it stadion firtueel út te ferkeapjen en dêrmei de club te stypjen.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

"Dizze aksje is ôfrûne freed ûntstien, tusken kollega Daniël Bokma en mysels", fertelt betinker Albert Veen. "Wy seinen: wy moatte wat dwaan, want de klup mist in protte resettes by dizze wedstriden, dus wy sille sels foar resettes soargje." Doe betocht it twatal de hashtag #ikbinderby.

"Wy ferkeapje fia de offisjele webside fan SC Hearrenfean en telefoanysk firtuele kaarten. Dy jouwe dus gjin tagong ta it stadion, mar mei de kaarten kinst dy wol oanmelde foar in online meeting." De firtuele taskôgers binne ûnder de wedstriid te sjen op de elektroanyske buorden yn it stadion. "Dat makket it wol unyk."

Ferlotting

De kaarten kostje fiif euro it stik. Veen: "De klup hat sein dat se ferskate sinjearre wedstriidtenues fan spilers ferlotsje ûnder de ferkochte kaarten." Yn ien dei waarden fuort mear as 1.500 kaarten ferkocht. "It is hiel moai om te sjen hoe entsûsjast oft minsken reagearje." Supportersferiening FeanFan hat him yntusken oansletten by de aksje.

"Yn dizze tiid kin de klup de sinten hiel goed brûke", fertelt Veen. "Ik fyn it in hiele moaie kâns om sjen te litten dat wy achter de klup stean en om sjen te litten dat de supporters de klup net fergetten binne."

It stribjen is om 27.000 kaarten te ferkeapjen. "Dat wurdt in hiele put, want it moat yn koarte tiid. Oan ús sil it net lizze en oan de klup en FeanFan ek net. Wy belûke eltsenien derby. Dus keapje dy kaarten!"

Albert Veen oer de aksje

(Advertinsje)
(Advertinsje)