Waadferiening stiet iepen foar ynset fiskerij binnen oprêdprojekt CleanUpXL

23 feb 2021 - 22:00

It Nederlandse Vissersbond sil dochs meidwaan oan it projekt CleanUpXL fan de Waadferiening, wêrmei't de Waadsee frijmakke wurde fan ôffal fan kontenerskip MSC Zoe. De twa organisaasjes giene mei inoar yn petear om't it fiskersbûn him passearre fielde om't se earder net frege wiene om mei te dwaan oan it projekt.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De Waadferiening, Stichting De Noordzee, Stichting Duik de Noordzee schoon en de Natuer- en Miljeufederaasjes tsjinnen earder in projektoanfraach yn foar CleanUpXL, sûnder de fiskerij dêrfoar te benaderjen of harren yn te ljochtsjen. De fiskerij wie dêr poer oer, om't sy krekt wakker aktyf binne mei it ynsammeljen fan ôffal, ûnder oare mei it inisjatyf Fishing for Litter.

De Waadferiening sei lykwols de fiskerij wol benadere te hawwen, mar sy soene fuort al sein hawwe gjin heil te sjen yn it projekt. De Waadferiening en it fiskersbûn hawwe no ôfpraat dochs gear te wurkjen en wêr mooglik de help fan de fiskers yn te skeakeljen binnen CleanUpXL.

Der binne noch gjin konkrete ôfspraken makke foar CleanUpXL, mar de fiskers binne wol frege goed op te letten wêr't ôffalhotspots binne en dy te notearjen. Neist it inisjatyf CleanUpXL giet Fishing for Litter ek gewoan troch.

Foutive berjochtjouwing

Mei de Waadferiening is dêrneist praat oer de ynset fan in fiskersskip LO28 by bergingswurksumens fan de MSC Zoe-konteners, fia it pilotprojekt Hot Spot Net Catching. Dêrmei is yn novimber 2019 yn totaal 19.000 kilo ôffal opfiske. It fiskersbûn woe rjochtsette dat de ynset fan it fiskersskip wol deeglik ferskil makke hat. Dêr soe foutive berjochtjouwing oer ûntstien wêze, wêrfan't de Waadferiening seit dat dy net by harren wei kaam. De Waadferiening sei dêr net oan te twifeljen dat de LO28 in soad holpen hat.

"De Waddenvereniging en de Nederlandse Vissersbond staan binnen veel dossiers vaak lijnrecht tegenover elkaar. Nu laten we samen zien dat goede gesprekken ook mogelijk zijn", seit Nooitgedagt. "Dat we elkaar kunnen respecteren op punten en in het belang van de natuur ook samen kunnen werken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)