Cambuur Sjoernaal: Ljouwerters sjogge tefreden werom op 1-3 winst

Trije wedstriden yn sân dagen. Dat wie it pittige skema fan Cambuur de ôfrûne wike. Nei de 1-3 winst moandeitejûn op Jong FC Utrecht hâldt Cambuur oan dit trijelûk sân punten oer. En dêr binne se yn Ljouwert tefreden mei. De Ljouwerters rinne mei de oerwinning ek wer út op de konkurrinten De Graafschap en Almere City. Robert Mühren makke moandei syn 25e goal yn dizze kompetysje. It wie syn hûndertste goal yn de earste difyzje. Yn it Cambuur Sjoernaal wiidweidich omtinken foar de wedstriid tsjin Jong FC Utrecht.
-