Harnzer en Tsjummearumer oanhâlden yn grutste heroïnefangst ea yn Nederlân

23 feb 2021 - 20:55

In 38-jierrige Harnzer en in 37-jierrige Tsjummearumer binne oppakt yn ferbân mei grutskalige heroïnesmokkel. Opspoaringstsjinsten ûnderskepten yn de haven fan Rotterdam goed 1.500 kilo heroïne. It giet neffens it Iepenbier Ministearje om de grutste ûnderskepping fan heroïne ea yn Nederlân. It twatal bliuwt de kommende trije moannen fêst sitten. Neist de twa Friezen binne noch trije fertochten oanhâlden.

Foto: Iepenbier Ministearje

De partij drugs hat neffens it Iepenbier Ministearje in strjitwearde fan sa'n 45 miljoen euro. De ferdôvjende middels sieten yn in kontener mei Himalayasâlt út Pakistan. De fynst waard tiisdei bekend makke, mar it IM wol yn it belang fan it ûndersyk neat kwyt oer wannear't de heroïne ûnderskept is.

Gearwurking mei Feriene Keninkryk

De autoriteiten yn Nederlân hawwe yn it ûndersyk yntinsyf gearwurke mei kollega's yn it Feriene Keninkryk, seit it IM. Op basis fan Britske ynformaasje kamen ferskate fertochten yn byld. Dit resultearre yn in ynfal op 9 febrewaris op in adres yn it Brabânske Etten-Leur en de arrestaasje fan de fiif fertochten.

De riedkeamer fan de rjochtbank yn Rotterdam bepaalde tiisdei dat trije fan harren de kommende trije moannen fêstsitten bliuwe. It giet neist de 38-jierrige Harnzer en de 37-jierrige Tsjummearumer om in man fan Nieuw-Vennep (33). Twa manlju út Sint Willebrord (60 en 62 jier âld) binne op frije fuotten, mar bliuwe fertochten, seit it IM. De partij drugs is yntusken ferneatige.

Utsûnderlik grutte fangst

Grutte partijen heroïne binne útsûnderlik. Foarich jier waard yn de Rotterdamske haven yn totaal 54 kilo ûnderskept. Yn de haven wurde benammen konteners mei kokaïne pakt. Yn 2020 gie dat om yn totaal 40 ton.

(Advertinsje)
(Advertinsje)