Boargemaster Buma: "We moeten nog een ingewikkelde, hobbelige fase door"

Der is perspektyf op in bettere simmer, mar we moatte earst in yngewikkelde, hobbelige faze troch. Dat seit boargemaster fan Ljouwert en foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân Sybrand Buma oer de ferrommings dy't it kabinet tiisdeitejûn oankundige. "Het zijn versoepelingen, maar wel tegen de achtergrond van een fase met meer besmettingen. De premier heeft het ook gezegd: we moeten risico's nemen."
-
Neffens Buma binne de risiko's dy't mei de ferrommings komme nedich om't boargers it net mear lûke. "Het moeilijke is dat een paar sectoren opengaan, maar de detailhandel heeft een hele beperkte opening en de horeca blijft dicht. Iedereen wil nu open, maar we zitten nog midden in de coronacrisis." Buma kin him foarstelle dat dat it hiel dreech makket foar ûndernimmers. "Maar we zitten nu in een crisis die groter is dan de keuzes die we maken."
Dat skoallen wer foar in part iepen gean en dat jongerein oant 27 jier wer yn teamferbân sporte mei, is neffens Buma hiel posityf. "Dat we weer buiten kunnen sporten is heel belangrijk voor de samenleving."
-
Undernimmer Ruth de Jong hat in kleanwinkel yn Drachten en is benammen teloarsteld. "Je kunt zo niet op je eigen vrije manier ondernemen. Het blijft een drama." Minsken kinne aanst op ôfspraak delkomme, mar dat smyt neffens har net in soad op. "Ik kan dan een paar klanten per uur ontvangen, misschien acht op een dag. Ik ga m'n best doen, maar het wordt pittig." Benammen foar winkels dy't net goed fynber binne op sosjale media wurdt neffens har it lestich.

Tasjen of rêde wat der te rêden falt

Wat De Jong oanbelanget koene de ferrommings noch wol ekstremer. "Gepast winkelen kan prima. Je kan bij mij in de winkel goed anderhalve meter houden." Sy begrypt net wêrom't drogisten en supermerken wol iepen meie wylst it dêr faak smoardrok is. De Jong hat dêrom besletten op 3 maart, tsjin de regels yn, de doarren fan har winkel iepen te setten. "Ik kan óf toekijken dat ik naar de kloten ga of ik zorg dat ik mijn bedrijf kan redden." Se stiet al tsientûzenen euro's yn de min, fertelt se. "Ze beloven steun, maar ik krijg niks. Ik moet nu als een malle klanten zien te krijgen."

Hanthaving bliuwt

Neffens Buma is it wichtich dat de ûndernimmers troch de lêste faze sleept wurde. "Ze hebben het een jaar lang volgehouden. Het zou zonde zijn als ze dan nu omvallen." Mar hy begrypt wol dat de detailhannel en hoareka foarearst ticht bliuwe. "Meer open betekent meer vervoersbewegingen en meer besmettingen." Der wurdt dêrom strang hanthavene as winkels tsjin de regels yn harren doarren iepenje. "We zullen toch moeten optreden. Crisis bestrijd je niet met handhaving. Je moet jezelf nu beperken om straks weer meer te kunnen."
-
Net allinnich finansjeel sjoen fergje de beheinende coronamaatregels in soad fan ûndernimmers, it easket ek syn tol op harren mentale sûnens. "Ik voel me niet heel prettig meer", fertelt De Jong. Hoewol't sy harsels der psychysk sjoen goed trochhinne sleept, is dat by freonen fan har hiel oars. "Ik ben al drie vrienden kwijtgeraakt aan zelfmoord omdat ze niet de hulp kregen die ze moesten krijgen. Daar word ik heel kwaad van. Is dat het waard? Er zijn meer dingen dan alleen corona."
De Jong ropt minsken op om de lokale ûndernimmers te stypjen. "Iedereen moet naar zijn lokale ondernemer gaan en daar winkelen. Dan komen we er wel. Als iedereen dat doet, komt het goed."
-