Direkteur Hof en Hiem oer ferrommingen: "Wês wach foar it risiko"

23 feb 2021 - 20:13

Foar direkteur-bestjoerder John van Arnhem fan soarchgroep Hof en Hiem is it in drege kwestje: de kar tusken ferromming of strangere maatregels. "Ik moet het kabinet complimenten geven voor het laveren tussen ingewikkelde belangen." Net allinne wat de sûnens oanbelanget, mar ek belangen dy't mei de maatskippij, it wolwêzen en de ekonomy te krijen hawwe. "Ga er maar aan staan. We nemen nu een risico. Een gecalculeerd risico, maar we maken ons er wel zorgen over."

Direkteur John van Arnhem fan Hof en Hiem

"We gaan elkaar meer ontmoeten, daarmee wordt de kans op besmetting ook weer groter. Zeker nu we te maken hebben met de Britse variant," seit Van Arnhem. Syn noed is der net foar neat. "Op onze woonzorglocatie Suderigge in Lemmer hebben we 75 bewoners. Daarvan zijn er 26 besmet geraakt en er zijn 10 personen overleden. Verder zijn er 20 medewerkers besmet. Ik heb vorige week met medewerkers gesproken, dan hoor je hoe zwaar ze het hebben."

"Al het werk voor niets"

Van Arnhem jout dêrom ek in warskôging: "Dus pas op hoor, er gebeurt wel wat in die huizen." It is op himsels moai dat der wer ferromming komme kin, sa fynt er. "Maar heel geleidelijk, stapje voor stapje. Anders is al het werk voor niets gedaan."

Faksinaasje

By Hof en Hiem wenje yn totaal sa'n 500 bewenners, krije nochris sa'n 300 minsken thússoarch en der wurkje sa'n 750 man foar de soarchgroep. De direkteur makket in komplimint nei syn wurknimmers. "Ik merk een enorme saamhorigheid. Mensen staan schouder aan schouder en het voor de bewoners zo goed en zo verstandig mogelijk te doen." Hy hopet ek dat it faksinearjen mear opsjitte sil. "De bewoners die onder het regime van de huisartsen vallen zijn nog niet gevaccineerd. Dat zijn bij ons veruit de meeste mensen. Dat heeft te maken met de beschikbaarheid van vaccins."

(Advertinsje)
(Advertinsje)