Kontaktberoppen wer tastien; middelbere skoallen en mbû diels iepen

Kappers, rydynstrukteurs en oare kontaktberoppen mei takom wike wer los. Ek it fuortset ûnderwiis en mbû gean foar in part iepen. Dat hawwe premier Mark Rutte en demisjonêr-soarchminister Hugo de Jonge niiskrekt bekend makke op in parsekonferinsje. "We zijn op weg naar betere tijden en stapsgewijze opening van de samenleving", sei Rutte. "Maar nu zitten we nog in een ongelofelijk lastige fase. Extra ruimte betekent extra verantwoordelijkheid."
© ANP
Premier Rutte hie yn de parsekonferinsje in soad omtinken foar it maatskiplik belang. "Er is een andere realiteit, die steeds meer aandacht vraagt. Hoe langer deze crisis duurt, hoe moeilijker het wordt. We zijn het aardig zat aan het worden. Leerachterstanden, depressies, eenzaamheid bij jongeren en ouderen, ondernemers bij wie het water aan de lippen staat. We kennen allemaal te veel voorbeelden. Het schuurt en knelt, het piept en kraakt: iedereen zal dat herkennen in eigen omgeving."
Dêrom hat de minister-presidint in tal ferrommingen bekend makke. "We zijn bereid om een klein beetje meer risico te nemen, beperkt en weloverwogen. We doen hiermee iets heel spannends. Verruiming is in deze fase niet gratis." Mar as de besmettingssifers wer omheech geane dan lizze alle oare opsjes fan oanskerping fan de regels wer op tafel, seit Rutte.

Kontaktberoppen wer tastien

Alle kontaktberoppen, útsein sekswurk, binne nei takom wike woansdei wer tastien. It giet dan om kappers, rydynstrukteurs, masseurs, tatoeëarders, pedikueren en skjintmespesjalisten. Net-essinsjele winkels bliuwe foarearst ticht. Der mei wol op ôfspraak winkele wurde. Der meie op eltse ferdjipping twa klanten de kear nei binnen ta.

Fuortset- en middelber beropsûnderwiis iepen

It fuortset ûnderwiis en it mbû gean op 1 maart wer foar ien dei yn de wike iepen. De rest fan de wike folgje learlingen thúsûnderwiis. Learlingen moatte op skoalle oardel meter ôfstân hâlden bliuwe en op de gongen in mûlkapke drage.
Skoallen kinne derfoar kieze om op eksterne lokaasjes as sportsealen les te jaan. By in positive test moatte learlingen en dejingen mei wa't se yn kontakt west ha yn karantêne. "We zullen er alles aan doen om het onderwijs niet nog een keer te sluiten. Dat kunnen we kinderen, ouders en docenten niet aandoen", seit Rutte.
De bûtenskoalske opfang en it heger ûnderwiis bliuwe foarearst ticht. It kabinet sjocht yn in folgjende faze oft it hbû ek iepene wurde kin. It hbû is wol iepen foar tentamens, praktykûnderwiis en begelieding fan kwetsbere minsken.

Jûnsklok bliuwt

De jûnsklok wurdt ferlinge oant moandei 15 maart 4.30 oere. Dat is ek de earste dei fan de Twadde Keamerferkiezings. In wike earder, op nimt it kabinet in nij beslút oer de maatregel. Mooglik wurdt it strjitteferbod dan wer ferlinge, ôfhinklik fan de coronasituaasje op dat momint.

Teamsport oant 27 jier tastien

Foar jongeren en jonfolwoeksenen oant 27 jier wurde teamsporten wer tastien. Earder wie dat oant 18 jier. De ferromming jildt allinnich foar trainings en ûnderlinge wedstriden. De kompetysjes wurde noch net wer oppakt. Mei de ferromming hopet it kabinet jongerein en jongfolwoeksenen mear lucht te jaan. "Zeker nu het voorjaar zich aandient, is het belangrijk voor deze groep", sei Rutte. "Dat kan ze helpen." Sportskoallen bliuwe ticht.

Noch altyd ien besiker thús

It oantal minsken dat op besite komme mei bliuwt foarearst beheind ta ien.
De maatregels jilde oant 15 maart.