Boatferhierseizoen set earder útein as oars: profitearje fan it simmerwaar

23 feb 2021 - 18:50

'Thúsbliuwers' yn coronatiid meitsje massaal gebrûk fan hierboatsjes. Sûnt it winterwaar ferdwûn is en de temperatueren flink omheech giene, hawwe boatferhierders it wer drok. By sylskoalle Pean, yn de buorskip mei deselde namme ûnder Nes, hawwe yntusken alle beskikbere boaten ferhierd west.

In boat fan sylskoalle Pean yn Nes, by Akkrum - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"Doe't it iis fuort wie en de earste foarspellingen fan moai waar der wiene, kamen ek de earste oanfragen foar it hieren fan boatsjes al by ús binnen. Wy hawwe de boel fuort klearmakke. In moaie opstekker. Mar it is ek wol bizar," seit Rienk de Jonge fan de sylskoalle.

In part fan de ferhier fan boatsjes komt by gasten wei dy't yn fakânsjehúskes oan it wetter fan de Wide Ie ferbliuwe. "Wy wurde hieltyd in breder rekreaasjebedriuw. Wy litte tolve fakânsjehúskes bouwe. Der wie in soad fraach nei fakânsjes, dêrom binne wy bliid dat wy dit no biede kinne," fertelt De Jonge.

It hat wol in hiel proses west om it safier te krijen. "Wy hawwe ek neitocht oer wat minsken dan wolle yn in fakânsjehûs en yn dizze omjouwing. Mar de earste huzen binne no ferhierd."

Ferslachjouwer Willem de Vries mei Rienk de Jonge fan Pean

Ferlet fan perspektyf

Dochs is sylskoalle Pean noch wol benaud foar wat der de kommende tiid tastien is en wat net. "It kommende seizoen wurdt wol wichtich. Ik hoopje dat der wer in soad kin foar de simmer. Wy hawwe in sylskoalle en der binne wer in soad bern dy't wer op sylkamp wolle en harren ynskreaun hawwe. Ik gean der fan út dat it kin, mar it is wol spannend."

It moat noch wol barre dus, jout De Jonge oan. "Oare takken fan it bedriuw lykas groepsakkommodaasjes en brulloften lizze no stil. Wy hawwe benammen ferlet fan perspektyf. Hielendal foar groepen, dêr bellet fansels net ien foar op dit stuit."

In húshâlding út Rotterdam wei siket it Fryske wetter op

Rienk de Jonge fan sylskoalle Pean yn Nes - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
Trefwurden: 
Nes Pean sylskoalle hierboaten
(Advertinsje)
(Advertinsje)