Arbeidsmigranten Sint-Jabik ferhúzje nei râne fan it doarp, net elkenien tefreden

23 feb 2021 - 18:24

It moat dé oplossing wêze foar it arbeidsmigranteprobleem yn de gemeente Waadhoeke: nije húsfêsting yn in âld kafee oan de râne fan Sint-Jabik. De doarpen yn de gemeente wrakselje al lang mei it ûnderbringen fan arbeidsmigranten. No is der mei in ruilhannel in oplossing fûn. De âlde migrantewenten wurde sloopt en de bewenners ferhúzje nei de râne fan it doarp. It plan moat yn de takomst yn meardere plakken tapast wurde.

Arbeidsmigranten Sint-Jabik ferhúzje nei râne fan it doarp, net elkenien tefreden

Oan de Geert Veenhuizenstraat yn Sint-Jabik stiet in grutte kraan klear om in tal huzen te slopen. "Hier hebben altijd arbeidsmigranten gewoond", sa begjint Marcel van der Vaart fan it Pleatslik Belang syn ferhaal. "Maar die moesten eigenlijk weg, want dat beperkt de overlast. Ze komen nu aan de rand van het dorp te wonen."

Oan de râne fan it doarp stiet it doarpskroechje De Aardappelbeurs. Dêr wenje al arbeidsmigranten yn, mar no komme der op it lân efter de kroech nije sjalets. Dêr moat plak wêze foar sa'n fyftich tydlike wurkers. "Er woonden al migranten in De Aardappelbeurs en die mensen moeten nu eenmaal plek hebben. Ze zijn belangrijk voor de economie, want ze werken ook hard. Je kunt ze niet zomaar op straat zetten. Het dorp staat voor 98 procent achter deze beslissing."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by De Aardappelbeurs

Mar sa't út de wurden fan Van der Vaart al bliken docht, bliuwt der noch twa prosint oer. Dat binne de direkte omwenners. Sy binne net bliid mei de komst fan de sjalets. De omwenners binne benaud foar oerlêst dy't dei en nacht trochgean kin. Yn de doarpen Minnertsgea en Bitgummole gie de húsfesting fan tydlike wurkers earder ek al net troch omdat it doarp it net woe.

Harrie Siegersma fan de gemeente fynt dit wol in goede oplossing. It plak leit oan de râne fan it doarp en der is genôch parkearromte. "Der lizze goede ôfspraken mei de behearder fan it pân." Siegersma is as koördinator arbeidsmigranten belutsen by de opfang fan de migranten.

"As der problemen binne, moat de behearder fuortendaliks yn aksje komme. Dat binne se ferplichte. De omwenners kinne altyd mei se belje. We moatte gewoan earne de migranten opfange, want se moatte earne sliepe kinne. Der hiene meardere lokaasjes mooglik west foar dy opfang, mar neffens ús is dit de bêste. It advys fan Pleatslik Belang hat dêr in liedende rol yn. Dat hat in posityf advys jûn."

Marcel van der Vaart fan Pleatslik Belang

De omwenners stelle sels dat se troch Pleatslik Belang te let op 'e hichte brocht binne fan it plan. Se soenen twa dagen yn it foar pas in briefke troch de bus krigen hawwe.

"Maak daar maar twee weken van," seit Van der Vaart. "Sterker nog, ik heb de brieven persoonlijk afgeleverd. Dan weet ik dat ik in mijn recht sta. We begrijpen natuurlijk dat het voor de directe omwoners sneu is. Het is ook niet zomaar iets, om gelijk deze migranten naast je te hebben. Maar dit zijn geen 'zuiperige' overlastveroorzakers. Dit zijn nette mensen die gewoon de kost willen verdienen. Je moet naar het totaalplaatje kijken. Dan gaat het dorp er echt op vooruit."

(Advertinsje)
(Advertinsje)