Betinking foar om it libben kommen Karin Grijpstra yn Koarnjum

23 feb 2021 - 22:19

Yn Koarnjum waard tiisdeitejûn stilstien by de dea fan Karin Grijpstra. It is tiisdei presys in jier lyn dat it libbenleaze lichem fan de 55-jierrige Grijpstra ûnder fertochte omstannichheden oantroffen waard yn in sleat by har wente. Oant no ta is der noch altyd in soad ûndúdlik oer har dea en de plysje hat noch gjin fertochte op it each.

Betinking foar om it libben kommen Karin Grijpstra yn Koarnjum

Neffens Jaap Keizer fan it doarpsbelang libbet de saak bot yn it doarp. Op it plak dêr't Karin Grijpstra har lichem fûn waard, baarnt noch altyd in lampke en lizze der blommen. "Dan merkst dat it libbet yn it doarp."

Doarpsbewenners fregen oft der tiisdei, in jier nei dato, stilstien wurde soe by de dea fan Grijpstra en dêrom betocht it doarpsbelang in coronaproof betinking. "Wy bringe blommen en freegje minsken yn it Koarnjum en Jelsum om om 20.00 oere in kearske te brânen foar it rut. "

De oankundiging fan de betinking smiet al in soad positive reaksjes op, neffens Keizer. "Minsken fine dat it moai dien wurdt." De dochter fan Karin Grijpstra hat sein dat se it in moai inisjatyf fynt. "In bestjoerslid hat kontakt mei de rest fan de famylje hân, mar ik wit net wat sy derfan fine."

Keizer: "We sille krekt foar njoggenen noch efkes de strjitte op om te sjen wat it effekt is. It is in hert under de riem foar de famylje dy't al in jier lang yn it ûnwisse sit."

Foto: politie.nl

Jaap Keizer oer de betinking

It lichem fan Karin Grijpstra (55) waard sneintemoarn 23 febrewaris 2020 oantroffen yn it wetter oan De Wier yn Koarnjum. Se gie de jûn derfoar nei alle gedachten nei bûten ta om de hûn út te litten. Doe't út earste resultaten fan de skou en seksje bliken die dat sy letsel oprûn hie dat lestich te ferklearjen wie, starte de plysje in Team Grootschalige Opsporing, om derachter te kommen hoe't se om it libben kaam wie en oft der mooglik sprake wie fan in misdriuw.

Yn july ôfrûne jier melde de plysje dat it ûndersyk nei de dea fan Karin Grijpstra ôfskaald waard fanwegen in gebrek oan oanknopingspunten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)