Pedikueren strûpe de mouwen op: "Der komt in bealchfol wurk oan"

23 feb 2021 - 17:06

It liket derop dat minsken mei kontaktberoppen harren wurk nije wike wer dwaan meie. Pedikueren sieten yn ûnwissens: it like der earst op dat de regels foar harren sels noch stranger wurde soene. Pedikuere Marianne Mijdam makke har dêr soargen oer. "Ik wie eins benaud dat wy just net iepen mochten. Us fakorganisaasje hat der in soad foar lobbyd, mar ik hie it net ferwachte. Ik bin der tige bliid mei. Sûnt it bekend wurden is, stiet de telefoan readgleon."

Foto: Shutterstock.com (Alina Troeva)

Marianne Mijdam wurket as fulltime pedikuere yn Eanjum en Gruttegast. Sy is njonken it wurk yn har praktyk ek aktyf as konsulinte foar ProVoet yn it noarden. "Yn myn praktyk komme gewoanwei sa'n 35 oant 50 minsken de wike, dus rekkenje mar út. Guon komme om de acht wiken, mar oaren sels om de fjouwer wiken. Dus it binne byinoar bêst in soad minsken," fertelt sy.

Yn de tuskentiid besocht Mijdam wol advys te jaan fia de telefoan. "En in oantal minsken mochten wy wol behannelje, dan gie it oer de medysk needsaaklike behannelingen. De minsken mei diabetes mochten wy ek helpe. Mar it ferskilt tusken pedikueren hoefolle oft dat binne."

Hausse oan minsken

Oan it grutste part fan de klanten mocht de ôfrûne tiid gjin foetsoarch jûn wurde. Mar takom wike dus wol wer. "Oan de iene kant is it wol sa dat der aanst in hiele hausse oan minsken komt. Der komt in bealchfol wurk foar ús oan. Allinnich it belwurk kostet al dagen. Mar oan de oare kant is it feit dat wy wer oan it wurk meie en de minsken fan harren pine ôf helpe meie, super."

Pedikuere Marianne Mijdam

Trefwurden: 
Eanjum coronafirus pedikuere
(Advertinsje)
(Advertinsje)