Wetterskip ferheget polderdyk Ryptsjerkster Feart

23 feb 2021 - 17:02

Wetterskip Fryslân ferheget de polderdyk oan de Ryptsjerkster Feart, want dy is op guon plakken te leech. Ek wurdt de feart sels ferbrede. Dat is allegear bedoeld om wetteroerlêst foar te kommen en om yn drûge perioades wetter beskikber te hawwen. Tagelyk wurdt de kwaliteit fan it wetter ferbettere.

Ryptsjerkster Feart - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De oanlis fan natuerfreonlike wâlskanten soarget derfoar dat foldien wurdt oan de doelen fan de Europese Kaderrichtlijn Water.

"Dy binne foaral bedoeld foar wetterplanten", leit projektmanager Libbe Zijlstra fan it wetterskip út. "De golfslach wurdt remd troch in konstruksje fan in rige peallen. Dêrachter komt in ûndjippe sône fan sechtich sintimeter djip en fiif meter breed. Dêr kinne fisken paaie en wetterplanten groeie."

In part fan it wurk is ûnderdiel fan Ruim Baan voor Water. By dat projekt wurde wetterkearingen en -gongen oanpakt om mear wetter opslaan te kinnen. Dat smyt skjin wetter op en beskermet it gebiet better tsjin ekstreme delslach of ekstreme drûchte.

"De kearingen moatte yn 2027 foldwaan oan de feilichheidsnoarmen fan de provinsje", seit Zijlstra. "Sûnt it jier 2000 wurkje we deroan om de polderdiken op hichte te bringen en dit is in ûnderdiel dêrfan."

It tariedende wurk is úteinset yn de foarm fan snoeien en seagjen fan beammen. Begjin maart begjint it wurk oan de polderdyk. De ferwachting is dat it yn augustus klear is.

Ferslachjouwer Ronnie Porte yn Ryptsjerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)