135 nije coronabesmettingen yn Fryslân; acht stjergefallen

23 feb 2021 - 15:21

It RIVM meldt tiisdei 135 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 69 minder as moandei. Doe wienen it 204. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed 185 besmettingen deis registrearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeenten Ljouwert (23), Súdwest-Fryslân (20) en De Fryske Marren (19).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 8 stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan Hearrenfean (2), Weststellingwerf (2), Achtkarspelen (1), Ljouwert (1), Tytsjerksteradiel (1), Súdwest-Fryslân (1).

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren trije Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus, yn de gemeenten Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren en Noardeast-Fryslân.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 3.846 nije coronagefallen meld. Dat oantal is leger as gemiddeld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)