Caravan op syn kant op A6 by Sint-Nyk; dyk foar in part ôfsletten
Op de A6 by Sint-Nyk is tiisdeitemiddei in caravan op syn kant bedarre. De rjochterrydstripe fan de dyk is dêrom ôfsletten.
De helptsjinsten binne oanwêzich. Foar safier bekend rekken de ynsitters fan de auto net ferwûne.