PvdA hopet op mooglikheden foar koöperaasjes by Nij Hiddum-Houw

23 feb 2021 - 15:01

No't fjouwer wynturbinen foar it wynpark Nij Hiddum-Houw by de Ofslútdyk mooglik ferkocht wurde troch enerzjymaatskippij Vattenfall, soe de Steatefraksje fan de PvdA graach wolle dat der mear mooglikheden komme foar lokale belangstellenden en doarpskoöperaasjes.

Foto: Omrop Fryslân

Ferline wike waarden Provinsjale Steaten ynljochte oer de mooglike ferkeap fan it oandiel fan Vattenfall. Dêrom hat de fraksje no fragen oan it kolleezje steld. De PvdA wol witte oft der belangstelling is fan bygelyks boargerinisjativen en oft it kolleezje it as in reële mooglikheid sjocht. In oare opsje soe neffens de PvdA wêze kinne dat ek doarpskoöperaasjes dy't net yn de omjouwing lizze fan it wynpark dielnimme kinne yn de kluster wynmûnen.

De PvdA sjocht graach dat wynmûnen út romtlik eachpunt klustere wurde en dat lokale enerzjykoöperaasjes dielnimme kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)