AquaZoo besiket út alle macht oerein te bliuwen yn coronatiid

23 feb 2021 - 14:56

Bistetunen komme no ek yn oanmerking foar coronastipe fan de oerheid. En dat komt foar AquaZoo yn Ljouwert krekt op tiid. Sy hawwe gjin ynkomsten, mar de bisten moatte wol fersoarge wurde. Wannear't se de duorren wer iepenje kinne is net wis, al sitte se net stil.

AquaZoo

Kroaden fol beton wurde troch meiwurkers fan AquaZoo it ferbliuw fan de reuze-otters yn riden. "We pimpe it op, dan wurdt it wol wer moai. Oars bliuwt it lizzen troch de drokte en no hawwe wy hjir tiid foar", seit Gerben Plutschouw, ien fan de meiwurkers. Gewoanwei makket hy it park skjin en docht er lyts ûnderhâldswurk, mar no is hy hast in boufakker. Neffens direkteur Jeroen Loomeijer wie it ferbliuw op guon punten net al te bêst mear.

Tiid foar putsjes

No wurkje alle meiwurkers, ek de hoarekaminsken en stazjêrs, oan putsjes om it park wer moai en fris te meitsjen. Sa sille ek de leuningen fan de brechjes ferfongen wurde en is in soad opnij yn 'e ferve set. It is dé wize om de meiwurkers oan it wurk te hâlden no't it park ticht is. De bistetún hat hast gjin ynkomsten, dus de putsjes kinne net te folle kostje. Oars soene der minsken ynhierd wurde om it otterferbliuw op te knappen, mar troch de meiwurkers yn te setten kinne se dy kosten besparje.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Jeroen Loomeijer fan AquaZoo

Stipe komt krekt op tiid

De stipe fan de oerheid komt foar AquaZoo krekt op tiid. "We zijn heel blij dat de steun beschikbaar komt. We hebben het hard nodig. We zijn intussen al drie keer dicht geweest en door financiële steun te ontvangen komt er weer perspectief voor de toekomst. Hoeveel steun we krijgen weten we niet, het is de vraag of het alle kosten dekt", seit Loomeijer. De kosten foar de fersoarging fan de bisten rinne troch, it fretten moat levere wurde, de bistedokter komt del en it ûnderhâld fan it park giet troch.

De bistetún koe de ôfrûne tiid rûnkomme om't se ûnderdiel binne fan in famyljebedriuw. Mar no mei it moaie waar begjint it ekstra te kribeljen om wer iepen te gean. Neffens Loomeijer hiene dat no prima kinnen, om't it in grut park is dêr't de stream besikers goed te stjoeren is. "Het voelt nu een beetje wrang. Het is voorjaarsvakantie, het zou anders een topweek geweest zijn en dat valt in het water. Dat doet wel zeer", seit Loomeijer.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei ien fan de meiwurkers

(Advertinsje)
(Advertinsje)