It ferhaal achter: Fryske Wappies fernuvere oer 'wappie'

03 mrt 2021 - 16:30

Wappie wie foarhinne in gewoane Fryske famkesnamme, ôflaat fan Wapke. Yn dizze coronatiid hat de namme in oare betsjutting krigen. In 'wappie' stiet foar in persoan dy't him ferset tsjin de strange coronaregels. "It komt wol efkes raar oer", seit Wappie van der Meer fan Dokkum.

Foto: Omrop Fryslân

"Hearst de namme oars noait en no is it oeral yn it nijs en op social media. Hoe komme se derop?" sei Wappie van der Meer (66 jier), doe't se reagearre op de oprop yn it radioprogramma De middei fan Fryslân. "Ik bin nei myn beppe neamd, offisjeel hyt ik Wapke. Mar it hat altyd Wappie west. Soms as ik noch ien fan skoalle tsjinkom, seit dy noch wolris Wapke."

It wie earder in gewoane Fryske namme. "Ik bin der ek noait mei pest. Yn Wierum, dêr't ik weikom, wie noch in Wappie en myn nichtsjes hite ek sa." Se is bliid dat har beppesizzers gjin Wappie hjitte: "Nee, gelokkich net. Sa moai fyn ik de namme net. Dêr moatte jo de bern net mei opsadelje."

Soad reaksjes

Nei dy radio-útstjoering hat se in hiel soad reaksjes krigen. "Fia de app krige ik in soad berjochtsjes dat minsken it heard hienen en dat se it moai fûnen. By myn man op it wurk hienen se it ek heard. Ik tocht: hoe kin it? Dat hie ik wier net ferwachte."

Fia messenger op Facebook krige se sels noch in fersyk fan ien fan De Telegraaf. "No, ik tocht, dêr sit ik net op te wachtsjen. It wie miskien wol goed bedoeld hear, mar dêr hie ik gjin sin oan. Sjoch, dat op de radio wie wol grappich."

Net yn it wurdboek

It ynternet-artikel dat nei oanlieding fan it radiopetear makke wie, kaam ek op Facebook. Dêr kamen doe tal fan reaksjes by fan wappies, minsken dy't it net iens binne mei de coronamaatregels. "Fan dy bagger bin ik net. It komt foarby, mar ik ha der gjin lêst fan. It gie feitlik om ús namme. En dy namme ha ik no ien kear. Soks lit ik mar oer my hinne gean. De namme wappie sit ek al yn in reklame fan ien of oare politike partij. Sels Geert Wilders hie it deroer. Doe tocht ik wol: no moatst ophâlde. Mar ik gean der net tsjin yn, soks jout je neat. As it mar net yn de Dikke Van Dale komt."

Lars Hoekstra oer 'Wappie' yn de Omrop-app

Foto: Shutterstock.com

De middei fan Fryslân is alle wurkdagen tusken 13.00 en 16.00 te hearren op de radio. De presintatoaren bringe nijsgjirrige ferhalen yn Fryslân, fan gasten of fan harkers dy't ûnder de útstjoering reagearje kinne fia de Omrop-app. Der binne in pear fêste rubriken lykas it Boekehoekje of belje mei in Fries om utens. Yn it programma wurdt in soad muzyk draaid en kinne harkers oan de ein fan de útstjoering altyd De plaat fan de middei kieze, passend by de aktualiteit fan de dei.

Dit is in artikel by de kampanje 'Kom fierder' fan Omrop Fryslân. Wolst mear lêze en bist nijsgjirrich nei ús oare programma's? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/komfierder

(Advertinsje)
(Advertinsje)