De grauwe himel fan Foudgum: omtinken foar Piet Paaltjens

Foar Johannes Keekstra steane 2021 en 2022 yn it teken fan François Haverschmidt (1835-1894), de dûnmy-dichter fan Ljouwert dy't bekend waard ûnder de namme Piet Paaltjens. Yn novimber wol er in boek oer Haverschmidt klear hawwe: Onder Frieslands grauwe hemel. En yn 2022 moat der in teäterproduksje komme by de tsjerke fan Foudgum.
In byld fan Piet Paaltjens, it pseudonym fan François Haverschmidt, yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Johannes Keekstra groeide op yn Boarnwert, net fier fan de tsjerke fan Foudgum, dêr't Haverschmidt tusken 1859 en 1862 as dûmny wurke. "Ik siet as bern yn de tsjerkebankjes fan Foudgum. Ik wist wol dat der wat wie mei in bysûndere dûmny, mar mear ek net. Pas letter keppele ik Paaltjens en Haverschmidt oan inoar."
Yn 1880 skreau Haverschmidt in foardracht oer syn tiid yn Foudgum: Mijn eerste gemeente. Foar Keekstra in grutte ynspiraasjeboarne. "Op de middelbere skoalle krige ik de gedichten fan Piet Paaltjens ûnder eagen en dat pakte my wol. It is wat swartkomysk en knap skreaun. Letter studearre ik Nederlânsk en doe learde ik mear oer syn wurk en libben."

Mankelyk mei in knypeach

De persoan fan François Haverschmidt bliuwt Keekstra fassinearjen. "Hy wie mankelyk en skreau swarte teksten, mar it wie wol altyd mei in dikke knypeach. It moat in man west hawwe mei in soad humor."
© Grauwe Hemel
Yn 2022 moat der in teäterstik komme. In ynspiraasjeboarne is it Kulturele Haadstêd 2018-projekt Under de Toer, mei foarstellingen en aktiviteiten by Fryske tsjerken. "It gie om it Fryske tsjerkelânskip. Al dy tsjerken kamen mei in ferhaal en ik tocht: no sil Foudgum wol mei Haverschmidt komme. Mar dêr hearde ik neat oer. Nei 2018 bleau it hingjen by my. Dêrom haw ik it sels oppakt."

Mear as in teäterstik

Troch de lockdown krige Keekstra de tiid om him te ferdjipjen yn Haverschmidt. "Ik rekke der suver wat ferslave oan. Ik woe mear as in teäterstik allinne, dus doe is ek it idee foar it boek ûntstien."

Fryske woartels

It boek dat Keekstra by útjouwer Wijdemeer skriuwt wurdt net sasear in skiednisboek. It boek giet ek oer it gebiet, de maatskiplike en lanskiplike foarming. "Ik meitsje in biografyske beskriuwing, mar wol ek útlizze wat syn Fryske woartels binne. Oer Foudgum, de regio en hoe't hy dêr nei seach. Hy wie dêr net hiel lokkich. Mar ik sjoch ek nei no en de takomst. Haverschmidt hie tinzen oer de takomst."
Der wurde ek twa teksten fan Haverschmidt opnij ôfdrukt, wêrûnder Mijn eerste gemeente. Neffens Keekstra is der wol ferlet fan sa'n boek. "Yn 1994 wie it syn hûndertste stjerjier, doe hat der wol omtinken west foar him. Mar nei de tiid net folle mear. En as der in publikaasje wie gie it faak allinne oer syn dichtwurk, it Oera Linda-boek of syn tiid yn Leiden en Schiedam. Mar de tiid yn Foudgum hat in hiele wichtige tiid foar him west."
Skriuwer en teätermakker Johannes Keekstra fan Tytsjerk